Nikolaastsjerke (Kloosterburen)
De Nikolaaskerk is de eardere protestantske tsjerke yn Kleasterbuorren (offisjeel Kloosterburen) yn de Grinslânske gemeente It Hegelân. Allinne de toer is sûnt 1975 yn it besit fan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. De PKN-gemeente Kruisweg-Dijksterburen droeg de tsjerke oer oan in stifting, dy't it ynterieur ferboude foar aktiviteiten yn it doarp.
Nikolaastsjerke
Nicolaaskerk | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
gemeente | It Hegelân | |
plak | Kleasterbuorren | |
adres | Sint-Jansstrjitte | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 16e iuw-19e iuw | |
boustyl | Neogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 23668 (tsjerke) [1] |
Skiednis
bewurkje seksjeDe midsiuwske foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke waard yn 1815 ôfbrutsen. De tsjerke wie oarspronklik in kleastertsjerke fan it premonstratinzerske Aldekleaster (Oldeklooster) fan Kleasterbuorren, dat yn 1175 as it oan Jehannes de Evangelist wijde dochterkleaster fan Mariëngaarde by Hallum stifte wie. Fanút it Aldekleaster waard yn 1204 it oan Nikolaas fan Myra wijde Nijekleaster stifte. Yn de oanrin nei de reformaasje waard it kleaster yn 1570 troch de wettergeuzen plondere. De abt moast yn 1580 flechtsje nei Grins, dat oant 1594 katolyk bleau. Nei't ek Grins ynnommen waard troch protestanten waard it kleaster ferneatige en bleau allinne de kleastertsjerke oer, dy't it oant 1811 fol hold. Op it plak waard yn 1843 de neogoatyske tsjerke boud.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe tsjerke is ienfâldich boud en hat in trijesidich koer. Yn de eastlike muorre is in doar oanbrocht, dy't net brûkt wurdt. Boppe de doar is in stien set dy't de stifting fan it gebou betinkt. De muorren wurde ferdield troch lisenen yn fjouwer traveeën mei elts in spitsbôgefinster.
De sealtektoer datearret fan 1658 en stiet op resten fan it eardere Aldekleaster. De toer is net lidde en hat yn de noardlike en súdlike muorre twa bline spitsbôgen, wêrfan't de boppeste spitsbôge noch in lyts finster hawwe. De tagong is oan de westlike kant fan de toer. Alle siden hawwe boppe twa galmgatten mei galmbuorden mei dêrtusken wizerplaten.
Yn de toer hinget in klok fan Geert fan Wou út 1501. Nei alle gedachten is de klok ôfkomstich út de toer fan de Der Aa-tsjerke yn Grins. Fierder hat de toer in mechanysk oerwurk fan smei-izer út de 17e iuw.
De tsjerke ferlear yn 2015 syn iuwenâlde religieuze funksje en waard oerdroegen oan de stifting "SintJan". De PKN stelde by de oerdracht as betingst dat de tsjerke foar it hiele doarp beholden wurden moast.
Ynterieur
bewurkje seksjeNei de oerdracht oan de stifting waard it ynterieur fan de tsjerke folslein ferboud. De binnenmuorren fan de tsjerke krige in isolaasjeskyl fan betonblokken en klaai. Der waarden dûbele ramen oanbrocht en flierferwaarming en nij sanitêr oanlein. Preekstoel en de banken waarden ferwidere en oan de kant fan de toer is in tribune boud. Fan it âlde ynterieur krige allinne it oargel op 'e nij in plak yn it nije ynterieur.[2]
Oargel
bewurkje seksjeYn it koer fan it eardere tsjerkegebou stiet in ienmanualich oargel, dat yn 1898 boud waard troch de firma Van Oeckelen en Soannen. It ferfong in âlder oargel út 1847 fan Petrus van Oeckelen. De bou waard mooglik makke troch in skinking en dêrom is it opskrift geschenk van Mej. K.J. Borgman geb. Faber Oud Bocum 1898 oanbrocht. Bakker & Timmenga restaurearre it ynstrumint yn 1993.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|