Nikolaastsjerke (Koarnjum)
De Nikolaastserke is de eardere herfoarme tsjerke fan Koarnjum. De op in foar in grut part ôfgroeven terp steande tsjerke is yn 2017 oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. De PKN-gemeente Britsum-Koarnjum-Jelsum makket regelmjittich gebrûk fan de Nikolaastsjerke.
Nikolaastsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Koarnjum | |
adres | De Wier 7 | |
koördinaten | 53° 14' N 5° 46' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Nikolaas fan Myra | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Foppe Foppes Brouwer | |
boujier | 1873 | |
boustyl | Eklektisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 515445 | |
Webside | ||
PKN-gemeente Britsum-Koarnjum-Jelsum | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe eklektyske tsjerke fan Koarnjum waard yn 1873 boud op it plak fan de âlde tsjerke. De brekfalligens fan de oarspronklik oan Sint-Nikolaas wijde midsiuwske tsjerke mei sealtektoer makke dy nijbou needsaaklik. Arsjitekt fan de tsjerke wie Foppe de Haan út Koarnjum, dy't ek it ûntwerp foar de tsjerke fan Skingen (1877) en de toer fan Wier (1881) levere. De rojale sealtsjerke hat in fiifsidich koer en in opmerklik pseudo-dwersskip. Njonken neogoatyske stylkenmerken binne der ek neoklassisistyske en neorenêssânse ynfloeden oan it gebou te bespeuren. Oan de westlike kant stiet op in fjouwerkant grûnplan in heal ynboude toer mei in spits.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe ynrjochting fan de tsjerke is tradisjoneel. Oan de súdlike kant steane de banken foar de froulju, wylst dwers op de noardlike muorre de banken foar de manlju steane. De trije hearebanken binne 19e iuwsk. De preekstoel mei in achtsidich klankboerd stiet oan de súdlike muorre en datearret út it midden fan de 18e iuw. Yn it koer hingje trije grutte buorden, dy't oarspronklik yn de midsiuwkse tsjerke hongen ha en fan krekt nei de reformaasje stamme. It boerd mei de Wet fan de Heare waard yn 1602 makke. It boerd mei de geloofsbelidenis ("Het Algemeyn Christen Geloove") is fan 1608 en in boerd mei it Gebed fan de Heare ("Het gebedt onses Heeren"). Under de houten flier lizze noch in tal 16e, 17e en 18e-iuwske sarken. Yn it gongpaad leit David van Goorle (1591-1612). Fierder is der noch in goatysk sarkje foar in bern.
De twa klokken yn 'e toer, dy't tegearre 800 kg weagje, binne yn 1948 yn Midwolda getten en yn oktober fan dat jier ophongen. Ien draacht de tekst Mei it wrâldbestel dochs sa forrinne / Dat hja nou hingjen bliuwe kinne.[1] De âlde klokken wiene yn de Twadde Wrâldkriich troch de besetter foardere en net werom kaam.
Oargel
bewurkje seksjeNei de bou fan de tsjerke yn 1882 waard troch L. van Dam & Soannen in nij oargel boud. Sûnt de bou is der neat mear oan it ynstrumint feroare. It oargel waarden fan 2013 oant 2014 restaurearre.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|