It Nilov-kleaster (Russysk: Нило-Столобенская пустынь; transl.: Nilo-Stolobenskaja Pûstyn) is in otterdoksk kleaster yn it Russyske bisdom Tver. It kleaster leit op it eilân Stolobny yn de Seligermar, 300 km. noardwestlik fan Moskou.

Nilov-kleaster

Нило-Столобенская пустынь

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
Oblast Tver
plak Ostasjkov
koördinaten 57° 14' N 33° 03' E
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1594
monumintale status Monumint fan regionaal belang
monumintnûmer 6901204000
offisjele webside
nilostolobenskaja-pustyn.ru

Nilus fan Stolobny Bewurkje

 
Houten byld fan Nilus fan Stolobny, 18e iuw

Nil Stolobensky waard tsjin de ein fan de 15e iuw berne as in soan fan in boerefamylje yn de omkriten fan Veliki Novgorod. Nei de dea fan syn âlden socht er plak yn it Krypetski-kleaster by Pskov en die dêr syn monastike geloften ûnder de namme fan Nilus, ta eare fan Nilus fan Sinaï. Yn 1515 ferliet hy it kleaster, kapte yn 'e wyldernis in stik bosk en boude him in ûnderkommen. Dêr libbe de muonts yn folsleine ôfsûndering. Hy iet gers en ikels en brocht fierder de tiid troch mei gebed. Stadichoan rekke de hearremyt bekend by de ynwenners fan inkelde doarpen yn de omkriten en de muonts krige mear en mear besite fan minsken dy't him om help fregen. Dit begûn in lêst te wurden foar de muonts en nei 13 jier ferliet er it plak en ferhuze nei in lokaasje op it eilân Stolobny yn de Seligermar en boude himsels dêr in hut en in kapel.

De muonts libbe 27 jier op it eilân en foar syn dea liet er witte dat op dat plak in kleaster komme moast. Fan de muonts wurdt sein dat hy nea yn in horizontale steat lein hat en mei help fan touwen en heakken oan de rotsen slepte de muonts sels fertikaal. Nilus stoar yn 1555 en waard beïerdige op it eilân.

Mei de tastimming fan patriarch Job waard dêr yn 1594 in kleaster stifte. En sa begûn de skiednis fan it kleaster op it eilân Stolony

Skiednis fan it kleaster Bewurkje

 
It kleaster yn de 19e iuw
 
It kleaster yn 1910 (Sergej Prokûdin-Gorski)

It kleaster ûntwikkele him ta ien fan de grutste, rykste en meast respektearre kleasters fan it Russyske Ryk. Yn de 18e en 19e iuw waarden de measte kleastergebouwen troch nijbou yn klassisistyske styl ferfongen. Oant foar de revolúsje besochten alle jierren wer tûzenen pylgers it kleaster en yn 1828 kaam sels tsaar Aleksander I nei it eilân. Oan it begjin fan de 20e iuw wennen hjir permanint 1.000 minsken en hie it kleaster sels in eigen sikehûs.

Nei de revolúsje waarden yn 1919 alle weardefolle saken fan it kleaster troch de nije autoriteiten konfiskearre. Tidens de lanlike kampanje tsjin de Russysk-Otterdokske Tsjerke om de reliken te iepenjen waarden de oerbliuwsels fan de hillige Nilus as tentoanstellingsmaterjaal meinaam nei it museum fan Ostasjkov, dat yn it eardere Kleaster fan de Mem Gods fan it Teken ûnderbrocht wie.

Oant 1927 bleau it kleaster noch operatyf, mar dêrnei waard it sletten. Tsjin it ein fan de jierren 1980 wie in belangryk diel fan de kleastergebouwen ferlern gien of yn tige earmoedige steat. Yn de trijeënsechtich jier nei de ûnteigening krige it oant de oerdracht oan it bisdom Tver de folgjende bestimmings:

  • 1927-1939 - wurkkamp, in finzenis foar jonge delinwinten;
  • 1939-1940 - in konsintraasjekamp foar Poalske yntelliginsia en ofsieren;
  • 1941-1945 - in lazaret;
  • 1945-1960 - in opfang foar minderjierrigen;
  • 1960-1971 - in ferpleechynrjochting;
  • 1971-1990 - in herberch foar toeristen.

Yn 1990 waard it kompleks wer oerdroegen oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke. Yn 1995 krige it kleaster de reliken werom fan Sint-Nilus.

Tsjerken Bewurkje

  • Epifanykatedraal, begjin fan de bou yn 1671, foltôge yn 1833. Oant 1919 waarden yn de katedraal de reliken fan de hillige Nilus bewarre. Yn 1995 kearden de reliken werom nei it kleaster. Fan de oarspronklike beskildering fan it ynterieur binne allinnich fragminten bewarre bleaun.
  • De Alderheljentsjerke (1723) wie ien fan de âldste gebouwen fan it kleaster, sûnt 1823 waard de tsjerke as hospitaal brûkt. Fan de oarspronklike bou is net folle oerbleaun.
  • De Jehannes de Dopertsjerke (1781) waard yn de lette jierren 1930 op de fûneminten nei folslein ferneatige.
  • Ek de Sint-Nilustsjerke (1855) is om 1937 hinne ferwôastge.
  • De Poartetsjerke fan de Apostels Petrus en Paulus (1764) is bewarre bleaun.
  • In eintsje ôfsidich fan it kleaster stiet de barokke Tsjerke fan de Ferheffing fan it Hillich Krús (1784-1788).
  • De Tsjerke fan de Aartsingel Michael (1823) waard yn de jierren 1930 ferneatige.

Ofbylden Bewurkje

Boarnen, noaten en referinsjes Bewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Нило-Столобенская пустынь