Nittemastate wie in state oan de Skyligerwei, westkant fan Moarre, gemeente Dongeradiel.

Nittemastate 2010

It ûntstean is ûnbekend, mar de lokaasje wurdt wolris ferkeard oanjûn as eastlik fan it doarp. It lei lykwols westlik mei in brede grêft der omhinne. Yn 1422 wie der in Skieringer haadling Syppe Nyttynghe yn Eastergoa mei-segelder fan it Grutte Bûn (mei Grins); de namme Nittema komt lykwols op mear plakken foar, sadat net seker is dat hy hjir wenne.
It Stamboek fan de Fryske Adel neamt ûnder dizze namme allinnich in Saepcke, troud mei Ids Idses Eminga; hja ferstoar yn 1502. Yn 1511 komt Beenthie Nittama foar mei 54 pûnsmiet lân, mar oft dat slacht op Nittemastate is twifeleftich. Noomen fernijt nammentlik dat yn 1511 Botte Syucks(ma) en Focke Ropta eigeners fan dizze state wiene.

Herma M. van den Berg beskreau de (fermiende) pleats Aldhuistra as "van het kop-hals-romptype met kort voorhuis, dat in het achterste gedeelte een huishoudkelder heeft, waarboven een venster. De vensters hebben alle een licht gebogen strek; forse gootlijsten aan de langsgevels van het voorhuis en boeiborden op de zijden van de topgevels, die in een forse schoorsteen eindigen. De voorgevel heeft twee vensters op de begane grond en twee kleinere in de top en is afgedekt door een rollaag. Er zijn gietijzeren ankerrozetten".
Op Oldhuistra stiet lykwols in wenhûs fan modernere sinjatuer wylst de pleats perfekt op Nittema past. Fan den Berg betizet Oldhuistra mei in neiststeande Nittema, dy't troch neifolging fan Eekhoff ek fout lokalisearre wurdt oan de eastside fan it doarp. It dêr oanjûne guod is de sate Buytenwey, yn 1553 besit fan Rents Buttema (sjoch Buttemastate te Moarre).

Bewenners en eigeners

bewurkje seksje
  • 1422 Syppe Nyttynghe (?)
  • 1511 Botte Syucks(ma) en Focke Ropta
  • 1640 jonker Julius Mockema fan Unia eigener, brûker Rienk Sybrens
  • 1700 Brigadier Unckel eigener, brûker Uble Swetzes
  • 1728 Martinus Adius te Warkum eigener, brûker Uble Swetses widdo
  • 1832 erven Ulbo van Burmania eigener

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg, De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen
  • De website hisgis