Oldhuistrastate (Moarre)
Oldhuistrastate, of Oldhuistra State, ek wol Aldhuistra, wie in state oan de westrâne fan Moarre oan de Moarster Feart. Oer it ûntstean fan de state is neat witten.
Skiednis
bewurkje seksjeNeffens de tradysje soene de Mockemas oarspronklik fan dizze state kommme. Omtrent den jare 1370 heeft geleeft eenen Botta Mockama op syn stins ende staten in den dorpe Morra; zijn zoon zou zijn geweest Popka Mockama die ook Popka tot Morra mede genoemt, wonachtich op syn stins & staten tot Morra, heeft geleeft anno 1410; Juu Bottama fan Mockama soe in neef west hawwe, de heit fan Botta Mockama, dy't oock Botta Aldehuystra worde genoemt heeft gewoont op syn stins tot Morra anno 1440, sa seit Josias Rispens (yn syn 17e-iuwsk genealogysk hânskrift). Earst letter soene de Mockema's op Cammingha yn Ferwert, Mockema te Ie en Mockema te Ealsum kaam wêze. Botte Oldahuistra hat werklik bestien. Yn 1444 sleat er him oan by it ferbûn mei Grins en yn 1453 segele er de oarkonde oer de jiermerken fan Eastergoa mei.
Neffens Occo Scarlensis waard Oldhustera yn 1496 yn 'e brân stutsen; de state wie doe eigendom fan Tiaerdt fan Mockema en ferhierd oan Foppe, lykas ek yn it Register van den Aanbreng fan 1511 fermeld wurdt. Nei 1496 sil it goed allinne in sate west hawwe.
Yn 1543 giet ek út Oldhuistra wei in bedrach oan it personaatskip fan de tsjerke. Dê sil de fernijing basearre wêze yn Van Heussen en Van Rijn, Oudheden en Gestichten, dat de eigeners fan Heemstra, Oldhuistra, Bottema en Nittema om bar it tsjerkfâdijskip fan Morra 'betsjinnen'. By in ferkeaping yn 1687 wurdt 'het hornleger met de grachten, de singel, het groot hooff en het gestoelte en legersteden (graven) in de kerck' fermeld.
Yn 1640 is de pleats fan Houtvester Burmania 'voordochter' en hat de widdo fan Gerben Martens him yn gebrûk. Yn 1698/1700 stiet Brigadier Unckel út namme fan syn oarehelte yn de belestingkohieren. Geert Tjebbes is op dat stuit gebrûker fan de 68 pûnsmiet grutte pleats dêr't alle jierren 28 floreen belesting oer betelle wurde moat. It stimkohier fan 1728 jout as eigener Mevr. Haren dy't it ferhierde oan de widdo fan Uble Swedses. By de ynfiering fan it kadaster yn 1832 is de pleats eigendom fan Nanne Pieters Benthem, lânbouwer en assessor, yn Moarra.
Herma M. van den Berg beskreau de pleats Aldhuistra as fan it kop-hals-romptype mei koart binhûs (foarhûs), dat yn it achterste diel in húshâldkelder hat mei dêrboppe in finster.
Oldhuistra hat lykwols in dwershûs fan modernere architektuer. Van den Berg hat Oldhuistra troch elkoar helle mei Nittema der neist, dy't se Eekhoff neifolgjend ferkeard lokalisearre oan de eastkant fan it doarp op it plak fan de sate Buytenwey.
Oldhuistra is anno 2018 in pleats mei 'boerderijcamping'.
Bewenners
bewurkje seksje- 1370 Botta Mockama (?)
- 1410 Popka Mockama
- 1440 Botta Mockama / Aldehuystra
- 1496 Tiaerdt fan Mockema
- 1640 dochter fan houtfester Fan Burmania
- 1698 Brigadier Unckel
- 1728 frou Van Haren
- 1832 Nanne Pieters Benthem