De Noarderie is in mar yn de gemeente Wymbritseradiel. De mar leit tusken Wâldsein en Smelbrêge. Fan de noardkant streame de Nauwe Wimerts yn de mar, nei it suden rint de mar middels de Ie fierder nei it suden rjochting de Sleattemer Mar. Oan de eastkant fan de mar leit Koufurderrige.

Súdkant Noarderie

De namme Noarderie jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Noorder Ee.