De Noarske symbion (Latynske namme: Symbion pandora) is in mikroskopysk lyts, wringeleas, rjusellich organisme út 'e stamme fan 'e (platwjirmeftige) krânsdieren (Cycliophora) en it skaai fan 'e symbions (Symbion). Dit bistke waard pas yn 1995 wittenskiplik beskreaun. De Noarske symbion libbet op 'e hierkes by de bek fan 'e Noarske kreeft (Nephrops norvegicus).

Noarske symbion
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme krânsdieren (Cycliophora)
klasse krânsdieren (Eucycliophora)
skift symbions (Symbiida)
famylje symbions (Symbiidae)
skaai symbions (Symbion)
soarte
Symbion pandora
Kristensen & Funch, 1995
IUCN-status: net evaluëarre

De Noarske symbion wie al yn 'e sechtiger jierren ûntdutsen troch Tom Fenchel, mar earst in de njoggentiger jierren waard der ûndersyk nei dien. Troch de dêrút fuortkommende beskriuwing, út 1995, opsteld troch de biologen Reinhardt Kristensen en Peter Funch, die bliken dat it bistke yn 'e besteande stammen net yn te passen wie. Sadwaande waard der spesjaal foar de Noarske symbion in nije taksonomyske stamme oprjochte, dy fan 'e krânsdieren (Cycliophora). Binnen it skaai fan 'e symbions (Symbion) krige de Noarske symbion de wittenskiplike namme fan Symbion pandora, dy't ferwiist nei de myte fan 'e Doaze fan Pandoara, om't de fuortplantingssyklus fan it bistke Kristensen en Funch dat ferhaal tebinnenbrocht. Letter waarden ek symbions ûntdutsen by de Amerikaanske kreeft (Homarus americanus) en de Jeropeeske kreeft (Homarus gammarus). It die bliken dat it om trije ferskillende soarten gie, mar de soarte dy't foarkomt op 'e Jeropeeske kreeft hat noch gjin wittenskiplike namme krigen.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

De Noarske symbion is in sekfoarmich bistke dat likernôch 0,35 mm grut wurde kin. Oan 'e efterein fan it liif sit in soarte fan sûchnap dêr't er him mei fêstset op 'e mûlehierren fan 'e Noarske kreeft. Oan 'e foarkant sit in bûtenproporsjoneel grutte mûle-iepening dy't foarsjoen is fan in rûnte of "krâns" (dêrfandinne de namme "krânsdieren") fan behurde "toskjes". Noarske symbions libje fan 'e lytsere, yn it wetter omdriuwkeljende itensdieltsjes dy't frijkomme as de kreeft syn proai lytsman makket. Om't se de kreeft gjin inkele lêst besoargje, wurde se net sjoen as parasiten, mar as kommensalisten.

Noarske symbions hawwe fjouwer libbensstadia: aseksueel, manlik, froulik en larve. Yn it aseksuële itensstadium hat it bistke gjin geslacht en is it 0,35 mm lang mei in breedte fan 0,11 mm. Yn dit stadium hâldt er him benammentlik dwaande mei iten. Yn it geslachtlike stadium binne sawol it mantsje as it wyfke 0,08 by 0,04 mm grut. It wyfke hat in spiisfertarringsstelsel, mar by it mantsje, dat inkeld tsjinnet om it wyfke te befruchtsjen, ûntbrekt dat.

De fuortplanting kin sawol geslachtlik as ûngeslachtlik plakfine. By ûngeslachtlike fuortplanting wurdt it spiisfertarringsstelsel fan it aseksuële eksimplaar of fan in wyfke út himsels omfoarme ta in larve. By geslachtlike fuortplanting set it mantsje him fêst oan in aseksueel eksimplaar dat op it punt stiet om troch ûngeslachtlike fuortplanting in wyfke fuort te bringen, en befruchtet er dat wyfke. Neitiid makket it wyfke har los fan it aseksuële eksimplaar en set se har op in oar plak fêst, dêr't de larve him yn har ûntjout. As it wyfke deagiet, ûntsnapt de larve, dy't him dan ûntwikkelet ta nij aseksueel eksimplaar. De fuortplantingssyklus fan Noarske symbions wurdt yn wurking steld as de kreeft dêr't se op libje, begjint te ferfeljen om groeie te kinnen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.