Krânsdieren
De krânsdieren of krânsdierkes (Latynske namme: Cycliophora) foarmje in stamme fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de boppestamme fan 'e oermûnigen (Protostomata) en it rangleaze takson fan 'e platwjirmeftigen (Platyzoa). Dizze stamme omfiemet mar trije soarten fan mikroskopysk lytse, wringeleaze, rjusellige organismen, dy't pas yn 1995 wittenskiplik beskreaun waarden.
Krânsdieren | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
ûnderryk: | echte dieren (Metazoa) | |
(sûnder rang): | weefseldieren (Eumetazoa) | |
tuskenryk: | twasidigen (Bilateria) | |
(sûnder rang): | termdieren (Nephrozoa) | |
boppestamme: | oermûnigen (Protostomata) | |
(sûnder rang): | platwjirmeftigen (Platyzoa) | |
stamme: | krânsdieren (Cycliophora) | |
Kristensen & Funch, 1995 | ||
Beskriuwing
bewurkje seksjeYn 1995 waard troch de biologen Reinhardt Kristensen en Peter Funch in bistke beskreaun dat yn 'e sechtiger jierren troch Tom Fenchel fûn wie en op 'e hierkes by de bek fan 'e Noarske kreeft (Nephrops norvegicus) libbe. Ut 'e beskriuwing die bliken dat dit bistke folslein oars wie as alle oare bekende dieren, en dat it yn net ien fan 'e besteande taksonomyske stammen ynpast wurde koe. Dêrom waard foar dizze nije diersoarte ek in nije stamme definiëarre, de Cycliophora of krânsdieren.
Krânsdieren hawwe in soarte fan sûchnap oan 'e efterkant fan it lichem, dêr't se har mei fêsthechtsje oan 'e hierkes op 'e bek fan 'e kreeft. Se kinne har wol fuortbewege, mar net mear as hiel stadich. Har lichem is sekfoarmich, mei oan 'e foarkant in bûtenproporsjoneel grutte mûle-iepening dy't foarsjoen is fan in rûnte of "krâns" (dêrfandinne de namme) fan behurde "toskjes". Krânsdieren kinne likernôch 0,35 mm grut wurde, wêrby't de mantsjes dwergen binne yn ferliking mei de wyfkes. De mantsjes beskikke net iens oer in spiisfertarringsstelsel, en tsjinje inkeld om 'e wyfkes te befruchtsjen.
Krânsdieren libje fan 'e lytsere, yn it wetter omdriuwkeljende itensdieltsjes dy't frijkomme as de kreeft syn proai lytsman makket. Om't se de kreeft gjin inkele lêst besoargje, wurde se net sjoen as parasiten, mar as kommensalisten. Nei't der krânsdieren by de Noarske kreeft fêststeld wiene, waarden se letter ek ûntdutsen by de Amerikaanske kreeft (Homarus americanus) en de Jeropeeske kreeft (Homarus gammarus). It die bliken dat it om trije ferskillende soarten gie, mar de soarte dy't foarkomt op 'e Jeropeeske kreeft hat noch gjin wittenskiplike namme krigen.
Stamme-opbou
bewurkje seksje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |