Noas

(Trochferwiisd fan Noaswjuk)

De noas (Latyn: nasus) is by wringedieren (wêrûnder de minske) in anatomysk útsteksel mei dêryn de beide noasters (of noasgatten), dy't mei de mûle by it sykheljen de yn- en útlaten foar lucht binne. De hûdflappen oan 'e bûtenkanten fan 'e noasters wurde de noaswjukken neamd. De noas sit yn 'e regel sintraal op it gesicht. By it sykheljen hat de noas de funksje om 'e ynkommende lucht te reinigjen en op te warmjen ear't dy fierder it lichem yngiet. By de yngong fan 'e noasters sitte de noashierkes, dy't foarkomme moatte dat grutte, skealike dieltsjes yn 'e lucht de luchtwegen binnenkringe kinne.

In hûnenoas.
De noasholte mei de bynoasholtes by de minsk

Efter de noasters lizze de noasholtes mei dêryn oan wjerskanten trije noasskelpen (concha nasalis), dy't beklaaid binne mei slymfluezzen en dy't it oerflak fan 'e holte sterk fergrutsje. Dizze slymfluezzen binne goed trochblet en waarmje de binnenkommende lucht sadwaande sterk op. Boppe-oan yn 'e noasholte, ûnder de skedelbasis en tusken de eagen, sit by minsken it rookslymflues mei it rooksintúch (ferbûn mei it brein troch de rooksenuw), al wurdt dat yn it gewoane spraakgebrûk ornaris lykslein mei de hiele noas. De lofter- en rjochternoasholte wurde faninoar skaat troch it noastuskenskud of it noasseptum (septum nasi), dat bestiet út in foarste diel fan kreakbien en in efterste diel fan bonke, de noasbonke. Hielendal efteroan komme de noasholtes út yn 'e noas-kielholte of farynx. Troch de buis fan Eustachius stiet dat diel fan it lichem streekrjocht yn ferbining mei de middenearen.

By bisten is de noas faak ferlinge ta in snút. Dêrby is troch folle gruttere rookslymfluezzen de rooksin yn 'e regel ek folle grutter as by minsken. Benammen hûneftigen steane om har "goede noas" bekend. By sokke bisten, dy't in wiete noas hawwe (d.w.s. de bûtenkant fan 'e noas heart by har fochtich te wêzen), ferfollet de noas ek de funksje fan rjochtingsorgaan, mei't se (krekt as oan in befochtige opstutsen finger) oan har noas fiele kinne wêr't de wyn wei komt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.