Notre-Dame (Alençon)

De Notre-Dame is in roomsk-katolike tsjerke yn it sintrum fan Alençon, de haadstêd fan it Frânske departemint Orne yn Normandje. De parochytsjerke fan it bisdom Sées is wijd oan Marije-Himelfeart en hat de status fan in basilica minor. De bouskiednis strekt him fan 'e 14e oant de 19e iuw út. In besûndere betsjutting hat de goatyske tsjerke as dooptsjerke fan Theresia fan Lisieux.

Us-Leaffrouwetsjerke
Notre Dame
Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
departemint Orne
plak Alençon
koördinaten 48°25' N 0°5' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike tsjerke
bisdom Bisdom Sées
wijd oan Marije-Himelfeart
status basilica minor
Arsjitektuer
boujier 14e-19e iuw
boustyl gotyk
Webside
www.polemissionnairealencon.fr
Kaart
Notre-Dame (Frankryk)
Notre-Dame
 
Ynterieur.

Yn 'e 12e iuw waard op it plak in priorijtsjerke boud, dy't letter fergrutte waard mei it doel om de tsjerke as parochytsjerke te brûken. Mei de bou fan 'e hjoeddeiske tsjerke waard noch foar de Hûndertjierrige Kriich (1337-1453) útein set. De oermastering fan 'e stêd yn 1417 troch it Ingelske leger fan kening Hindrik V fersteurde de bou, mar om 1470 waard it wurk wer oppakt. Yn 1500, yn 'e tiid fan 'e hartoginne Margarete fan Loataringen, boude Jean Lemoine as nije boumaster yn it westen it trijedielige portaal. Ek waard yn it haadskip in ribstjerferwulft oanbrocht. De sydskippen waarden 'e 15e iuw tafoege, de sydkapellen tusken de pylders yn 'e 16e iuw.

De fersiering fan it portaal waarden yn 'e tiid fan 'e Hugenoateoarloggen (1562-1598) fernield. Yn augustus 1744 sloech de bliksem yn op de houten klokketoer, wêrtroch brân ûnstie en de sydskippen en it koer mei de koerbanken ferneatige waarden. Tusken 1745 en 1762 waarden dy boudielen wer restaurearre en de arsjitekt Jean-Rodolphe Perronet foege doe in krusingstoer ta.

Yn 'e Frânske Revolúsje holden de revolúsjonêren hûs yn 'e tsjerke. Hja fernielden it grêf fan hartoch René de Valois, dat yn 1492 yn it koer oprjochte wie troch Margarete fan Loateringen. Yn 'e 19e iuw folge in yngreven restauraasje fan 'e tsjerke.

Paus Benediktus XVI joech de tsjerke op 10 augustus 2009 fanwegen syn betsjutting as beafeartstsjerke de status fan basilica minor.

Arsjitektuer

bewurkje seksje
 
Heechalter

De tsjerke waard yn 'e flamboyant-goatyske styl fan 'e iere 16e iuw boud as trijeskippige basilyk op it oerflak fan in Latynsk krús. It hege middenskip mei fiif traveeën hat in stjerferwulft mei ryk fersierde ribben. De ljochtbeuk hat brede finsters en is mei loftbôgen mei de steunbearen fan 'e sydskippen ferbûn.

De alterromte yn 'e krusing en de apsis datearje fan 'e 18e-iuwske werbou. Bysûnder is it trijsidige westlike portaal, dat út it begjn fan 'e 16e iuw stamt en yn tige rike goatyske styl útfierd waard.

It heechalter waard yn 1750 boud en hie ynearsten in byldegroep fan 'e Krúsôfname. By de Frânske Revolúsje waard de byldegroep ferneatige en neitiid ferfongen troch in foarstelling fan Marije-Himelfeart fan 'e byldhouwer Pierre Taveau. It heechalter stiet ûnder in 18e-iuwsk siboarium.

De kûp fan 'e preekstoel datearret fan 1536, it klankboerd en it efterskot binne yn 1765 tafoege.

Yn 1939 waarden allinne de somtiden swier restaurearre 16e-iuwske ramen fan 'e ljochtbeuk ferwidere, sadat dy ramen bewarre binne. De âlde ramen fan 'e sydskippen waarden al yn 1562 en 1568 fernield troch protestanten, fral yn it noardlike diel. Wat der yn 'e legere dielen fan 'e tsjerke noch oan âlde ramen bewarre bleaun wiene, fernielden de revolusjonêren yn 1792. De bombardeminten fan juny en july 1944 ferneatigen alle 19e-iuwske ramen yn 'e legere dielen. De trije glês-yn-leadramen fan Louis Barillet út de jierren 1930 yn it koer bleaune sparre. De renêssânse ramen toane Ald-testamintyske foarstellings oan 'e noardlike en foarstellings fan Marije oan 'e súdlike kant. De ramen yn 'e sydskippen binne ferfongen troch nij glês mei geometryske motiven fan Michel Petit en Simone Flandrin-Latron

 
Sint-Theresiakapel.

De meast besochte kapel is de Sint-Theresiakapel, dêr't it doopfont stiet. De doopjurk fan 'e hillige wurdt dêr útstald en de muorren binne oerdutsen mei hûnderten eks-voto's. Hjir is ek in grut raam te sjen fan 'e doop fan Sint-Theresia. Fierder is der efter it byld fan Theresia in mozayk mei har bekendste útspraken.

It oargel waard yn 2016 boud troch Jean Daldosso yn in oargelkas fan it oarspronklike oargel út 1537-1538. It hjoeddeiske oargel hat 40 registers, trije manualen en in frij pedaal.

Famylje Martin

bewurkje seksje

De âlders fan 'e hillige Theresia fan Lisieux, Louis en Zélie Martin, trouden op 13 july 1858 yn 'e tsjerke. De hillige Theresia fan Lisieux waard op 4 jannewaris 1873 dêr doopt. Har doopjurk wurdt yn 'e tsjerke bewarre. Yn 'e tsjerke is in modern brânskildere raam fan 'e doopplechtichheid te sjen. Yn 1877 wie ek de begraffenistsjinst fan Zélie Martin. Zélie en Louis Martin waarden op 18 oktober 2015 troch paus Fransiskus hillich ferklearre. Sûnt de sillichsprekking fan de heit en mem fan Theresia op 19 oktober 2008 bringen jimmeroan mear pylgers in besite oan 'e tsjerke.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Notre-Dame (Alençon)