De nutekreaker (Nucifraga caryocatactes) is in fûgel út it skaai fan de nutekreakers yn de famylje fan de Kriefûgels.

nutekreaker
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje kriefûgels (Corvidae)
skaai nutekreakers (Nucifraga)
soarte
Nucifraga caryocatactes
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De nutekreaker is mei in 32 oant 35 sm. like grut as de Houtekster. De soarten hawwe lykwols net deselde foarm: de Nutekreaker hat in koartere sturt en in gruttere kop. De fûgel hat in wjukspanwiidte fan 50 oant 58 sm. en in gewicht fan 120 oant 170 gram.

 
Nutekreaker yn it Nasjonaal Park Retezat, Roemeenje.

Mantsjes en wyfkes hawwe deselde kleuren. De fearren binne meast donkerbrún mei wite flekken. De fearren boppe op de kop, de wjukken en de boppekant fan de sturt binne hast swart. De ûndersturtfearren en it lêste part fan de sturtfearren binne wyt.

Fersprieding

bewurkje seksje

De nutekreaker komt meast foar yn nuddelbosken. Syn libbensgebiet is beheind ta de plakken dêr't de spjirre, pynbeam en hazzenutebeam foarkomme. Sa komt de soarte foar yn Súd Skandinaavje, Súd Finlân, de Baltyske Steaten en fan Poalen oant yn Sibearje. Ek yn Dútslân komt de Nutekreaker foar, yn it Middenberchtme en de Alpen.

 
Aai fan Nucifraga caryocatactes caryocatactes

Der binne njoggen ûndersoarten:

  • Nucifraga c. carycatactes Linneaus 1758, de normale foarm dy't yn Jeropa foarkomt
  • Nucifraga c. macrorhynchos C. L. Brehm 1823, yn de Oeral en east dêrfan
  • Nucifraga c. rothschildi Hartert 1903, komt foar yn Tien Schan
  • Nucifraga c. japonicus Hartert 1897, komt foar yn Japan
  • Nucifraga c. interdicta
  • Nucifraga c. macella
  • Nucifraga c. hemispila
  • Nucifraga c. multipunctata dizze fjouwer ûndersoarten komme yn de Himalaya
  • Nucifraga c. owstoni komt foar op Taiwan

Simmerdeis libbet de nutekreaker it meast fan ynsekten en yt er dêrneist ek noch hagedissen, kikkerts, fûgelaaien en lytse fûgels út it nêst. Yn de neisimmer yt er ek beien. Winterdeis yt er meast de siedden fan de nuddelbeammen. It leafst de pynappelpitten, mar ek de hazzenuten.

By it iten fan nuten pakt de nutekreaker de nút yn syn poat en spjalt dy mei syn sterke snaffel yn stikken. Ek de pynappelpitten knapt er mei syn snaffel yn stikken.

De nutekreaker leit ek in foarrie oan foar by't winter. Hy hakket mei syn snaffel in gat yn de grûn en makket it dêrnei wider troch syn snaffel hieltiten yn 't wiidst iepen te dwaan. Dêrnei wurdt syn krop fol mei pynappelpitten en hazzenuten yn it gat lege. De foarriegatten wurde troch de fûgel ek at der in laach snie leit sûnder lang sykjen weromfûn.

Fuortplanting

bewurkje seksje

De nutekreaker makket syn nêst meast betiid yn it jier heech yn de nuddelbeammen, ornaris flakby de stamme. It meast wurde dêrfoar spjirren of dinnen brûkt. It wyfke leit sa'n 3 as 4 aaien dy't yn 16 oant 21 dagen útbret wurde. De jongen fleane nei in trije wiken út.