Oerlis:Bistedokterspraktyk It Griene Hert

Lêste reäksje: 3 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk

Yn wêzen is dit artikel gewoan reklame. Net ensyklopedysk. Drewes (oerlis) 6 jun 2021, 19.46 (CEST)Beäntwurdzje

Mwâh. As jo sa wolle is elts artikel oer in bedriuw feitliks in foarm fan reklame. Ik tink net dat in bistedokterspraktyk folle reklame nedich is, en ek net dat reklame foar soks op 'e Wikipedy botte effektyf is. Dat it net ensyklopedysk is, bin ik it net mei iens. Wêrom soe dit net ensyklopedysk wêze en in soartgelikens stikje oer in útjouwerij wol? Ik fûn it gewoan nijsgjirrich om ris in stikje te skriuwen oer wat dat ticht by hûs is. Ik haw besocht it by feitlike fêststellingen te hâlden. It is fansels dreech om foar soks in boarne te finen dy't net direkt relatearre is mei it oangeande bedriuw (mar dat jildt ek foar lytse útjouwerijen). Neffens my kin it der wol mei troch. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 jun 2021, 23.42 (CEST)Beäntwurdzje
It maatskiplik-kultureel belang fan ek in lytse útjouwerij kin grut wêze. Ik ha my ek wolris besûndige oan 'in stikje wat ticht by hûs' is, mar ha dêr spyt fan. Hawar, ik hâld it mes mar yn'e buosse. Drewes (oerlis) 7 jun 2021, 17.03 (CEST)Beäntwurdzje
De side is neamd om wiske te wurden. Tulp8 (oerlis) 8 jun 2021, 08.04 (CEST)Beäntwurdzje

Ik haw nochris eefkes sjoen nei de regels en rjochtlinen fan 'e Wikipedy, mar der stiet hielendal nearne dat men net in stikje oer in lyts bedriuw skriuwe mei. It moat "Frysk, feitlik, frij [fan rjochten] en objektyf" wêze. Dat is dit artikel. Fierders lês ik letterlik: "Wolle jo oer hiel wat oars skriuwe as oer de dingen dy't op 'e foarside steane? Bêst genôch! Meitsje gewoan in nije side (sj. In nije side meitsje) en skriuw in kreas stikje, likefolle hoe lang. It wichtichste is dat jo útein sette!" It is ek gjin nuver ûnderwerp, bgl. oer wat dat út 'e tomme sûgd is of oer wat obseens of sa. Ik stel dus fêst dat der neat mis is mei dit ûnderwerp.

Ik haw sels ek gjin bannen mei dizze bistedokterspraktyk, oars as dat wy der ien kear yn 't jier hinne geane om 'e kat neisjen te litten, dus ik wurd der ek net better fan dat ik dit stikje skreaun haw. De reklamefunksje dêr't Drewes op wiisde, jildt, sa't ik al earder sei, foar alle bedriuwen. En as je sjogge nei hoe'n bytsje dit stikje lêzen wurdt, is dy yn 'e praktyk te ferwaarleazgjen.

It iennichste beswier dat ik hjir tsjin sjen kin, is dat it artikel stipet op 'e ynformaasje fan 'e eigen webside. Mar as dat net mear mei, dan moatte we hielendal ophâlde mei it beskriuwen fan organisaasjes hjir yn Fryslân, want dat is ek sa by fuotbalklubs, keatsferienings, útjouwerijen, stiftings fan alderhanne plumaazje en gean sa mar troch. De ynformaasje dy't yn it artikel jûn wurdt, is neat nuvers oan, ik bedoel it binne gjin útwrydske bewearings, dat der bestiet neffens my gjin reden om daliks erchtinkend te wurden en de ynformaasje te wantrouwen.

It is ek net sa dat ik no oan 'e rinnende bân dit soarte stikjes produsearje, sadat oare meidoggers kleie kinne dat de Wikipedy dermei ferstoppe rekket. Ik sjoch dêrom gjin reden dat dit artikel net stean bliuwe meie soe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 jun 2021, 21.32 (CEST)Beäntwurdzje

As ik my der ek even mei bemuoie mei. Ik sjoch ek gjin reden om dit stikje te wiskjen. It liket my gewoan in objektyf stik oer in lytser bedriuw. Lit om my mar moai stean Kneppelfreed (oerlis) 8 jun 2021, 21.49 (CEST)Beäntwurdzje

Noch even wat oars dat my fan it hert moat. Op 'e list fan siden dy't nominearre binne om wiske te wurden, is by dit artikel de tekst tafoege "útlis om te wiskjen is oerstallich: de oanmakker wit dat sels ek wol, ik ferwachtsje dat hy/sy de side sels sa gau mooglik wisket." Ik wit suver net iens wêr't ik begjinne moat; dit is der fansels raar by troch, Tulp8. Utlis is net oerstallich, de oanmakker wit dat sels net en jo kinne wol mear ferwachtsje. Los fan 'e fraach oft der wat mei dit artikel is of net, fyn ik it al nuver dwaan om út it neat wei sa'n toan tsjin in oare meidogger oan te slaan. Ik lit my net beskrobje troch jo, wat miene jo no wol? En ek noch om neat. Sa geane we hjir op 'e Wikipedy net mei-inoar om. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 jun 2021, 21.59 (CEST)Beäntwurdzje

Fan in bedreaune bewurker fan Wikipedy dy’t hast alle dagen op dit projekt te finen is, en boppedat moderator is, hie ik net foar mooglik hâlden dat dy net op de hichte is fan boarnefermelding en reklame. Dus de oanmaak fan BIGH moast wol in soarte ‘studintikoaze’ grap wêze dy’t wat te lang folhâlden wie. Soks soe ek nuver wêze, mar elkenien hat wolris in útglider. Ik miende de oanmakker dêrom in útwei te bieden troch him/har sels de side te wiskje te litten. It giet my fansels hielendal net om de persoan mar om de ynhâld. Taljochting oer de wiskwarskôging is blykber dochs echt nedich: Alle wikipedia’s ûntliene harren bestean oan neutrale gesachhawwende boarnen. Sûnder sokke sekundêre boarnen gjin artikel. Yn dit gefal kin in bistedokter allinnich ensyklopedysk wêze as der oer publisearre is. Dat is mar goed ek, want de measte bistedokters dogge itselde wurk, lêzers witte wat se ferwachtsje kinne, de ynformaasje is algemien bekend. It wurdt oars at in bistedokter yn it nijs komt om wat spesjaals dat him ûnderskiedet fan trochsneed bistedokters. Wêrom dizze bistedokter dus wol en oaren net opnomd wurde moat wurdt net dúdkik makke. Dan is it dus gewoan promoasje fan de namme of in freonetsjinst of in oare net-relevante reden. Wat as him aanst in fysioterapy meldet? Mei dy dan net opnomd wurde? Of in logopedist of sintrum fan kreamheinsters? Wêrom soene dy der dan net yn meie? No, dan wol de pleatslike fytsmakker, de tatooshop of elke zzp’er der ek wol yn stean. Wa ’t wat witte wol oer in pleatslike bistedokter siket net op de Fryske Wikipedy. Wikipedy is in ensyklopedy en gjin Giele Gids of startside.
En dan noch wat: It ynternasjonale projekt Wikipedia wurdt bekostige mei jeften fan frijwilligers om de kommersje bûten de doar te hâlden. Sels lytse talen as it Frysk wurdt romte en ûndersteuning bean om in eigen ensyklopedy te meitsjen (dy’t betelle wurdt út dyselde donaasjes) De fersiken om donaasjes komme alle jierren foarby, it kin jin net ûntkomme. En dan soe as dank foar dit unike ynternasjonale ‘gratis’ projekt de Fryske Wikipedy de doar iepen sette foar reklame, promoasje en nammebekendheid fan kommersjele bedriuwen? It ferguodlikjen dat der dochs net folle lêzers op Wikipedy komme kin net serieus bedoeld wêze: wa’t himsels net serieus nimt kin net ferwachtsje dat oaren him/har serieus nimme. Gau wiskje dus. Tulp8 (oerlis) 9 jun 2021, 08.40 (CEST)Beäntwurdzje
"Sûnder sokke sekundêre boarnen gjin artikel," sizze jo. Dat kin men miskien as regel ynfiere op 'e Nederlânske Wikipedy, mar foar de Fryske Wikipedy is dat gewoan net fol te hâlden. (Trouwens, op nl: wurdt it ek lang net altyd dien.) It brûken fan sekundêre boarnen is wol it stribjen, en we dogge it as it kin, mar as wy sa'n regel ûnbûchsum tapasse soene, dan moatte wy 95% of mear fan alle artikels oer organisaasjes yn Fryslân wiskje. Der binne yn 'e measte gefallen simpelwei gjin sekundêre boarnen te finen. Mar it wiskjen fan al dy artikels is ûnwinsklik en wat my oangiet ek ûnbesprekber.
Jo lykje derop ta te wollen dat der in beskate kategory ûnderwerpen bestiet dy't net yn 'e Wikipedy beskreaun wurde mei om't se net "ensyklopedysk" wêze soene. Dêr bin ik folslein op tsjin en soks giet ek streekrjocht yn tsjin alles dêr't de Fryske Wikipedy foar stiet. Alles dat bestiet mei beskreaun wurde, of it moat wêze dat it in ûnfoechlik, obseen ûnderwerp is. In organisaasje is dúdlik wat dat bestiet, dus der is neat op tsjin om dêroer te skriuwen. Wat myn funksje as behearder fan 'e Fryske Wikipedy oangiet, haw ik altyd safolle mooglik besocht om út te gean fan 'e stelregel "fiel jo frij". Fiel jo frij om te skriuwen oer wat jo wolle. Dat haw ik net betocht, mar dat is fan it begjin ôf oan de stelregel fan dizze Wikipedy west, sa't ek blykt út it sitaat dat ik hjirboppe oanhelle haw.
As der meidoggers binne dy't oer in oare bistedokterspraktyk, in fysioterapypraktyk, in sintrum fan kreamheinsters, in fytsmakkerij, in tatooshop ensfh. skriuwe wolle, dan soe ik dêr yn prinsipe neat op tsjin hawwe, as se it mar dogge op in (geef) Fryske, feitlike, objektive manier. Tulp8, jo geane der alhiel oan foarby dat de Fryske Wikipedy net inkeld in ensykopedyske, mar ek in taalbefoarderjende funksje hat. De iennichste stikken dy't ik ea út 'e Wikipedy smiten haw en wêrmei't ik dat yn 'e takomst wer dwaan sil, binne masine-oersettings yn brutsen Frysk en stobkes dy't sa summier binne dat se neat tafoegje. Dat hat neat mei it ûnderwerp te krijen, mar inkeld mei de foarm.
Koartsein: ik sjoch noch hieltyd gjin reden om dit artikel te wiskjen.
Dan wol ik it noch even oer jo belearende, bazige hâlding hawwe, dy't ik ûnakseptabel fyn. Ik waard hjir juster út it neat wei samar oansprutsen as wie ik in kweajonge dy't mei opsetsin in nuvere streek úthelle hie en dy't even teplakset wurde moast. Soks kin fansels net troch de bûgel. Dat jo dan einigje mei "ik ferwachtsje dat..." liket alhielendal nergens nei. Jo hawwe hjir neat te ferwachtsjen. Jo binne net de baas fan 'e Wikipedy. Jo kinne inkeld jo miening jaan, en jo miening is mar ien miening tusken de mienings fan alle oare meidoggers en hat neat op 'e mienings fan dy oare meidoggers foar. Ik hie eins tocht dat jo jo benadering fan my hjoed wol goedmeitsje soene. Mar ta myn ferheardens geane jo gewoan op itselde toantsje troch. Sterker noch, no wurd ik der ek noch fan betichte dat ik dit artikel skreaun haw by wize fan in "freonetsjinst", nei't It Griene Hert him by my "melden" hawwe soe. Wylst ik juster al dúdlik sein haw dat ik hielendal gjin bannen mei It Griene Hert haw. Dit fyn ik mear as beledigjend. Sa'n gebrek oan omgongsfoarmen is op 'e Nederlânske Wikipedy miskien normaal, mar op 'e Fryske Wikipedy wolle we dat net hawwe. En jo hoege my ek net de les te lêzen oer hoe't dit projekt finansierd wurdt, want ik jou geregeldwei jild oan Wikimedia. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 jun 2021, 18.14 (CEST)Beäntwurdzje
Dat donearjen is moai, mar bliuwt in privee-kwestje: de 'neilestudio fan Reade Sytske' kin soks ek sizze. En fan 'betichtsjen' is hielendal gjin sprake. Ik jou foarbylden dêr't de mienskip aanst foar komt te stean as it projekt dizze reklamegrins oergiet. En dat kommersjele partijen dan wize kinne nei it artikel oer BIGH. En hoe lost de mienskip (en by eintsjebeslút in moderator) dat dan op? Mar ik wol it oerlis saaklik hâlde mei it belang en kwaliteit fan Wikipedy foarop, dus nei boppesteande lit ik earst in pear 'oerlis'beurten foarby gean. Tulp8 (oerlis) 10 jun 2021, 07.52 (CEST)Beäntwurdzje
Ik bliuw derby dat dit gjin reklame is. Dan soene je oer gjin inkele organisaasje mei winsteachmerk mear skriuwe meie. As jo sa wolle, dan is dizze edit ek puer reklame. Sa kinne je fansels neat mear. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 jun 2021, 16.49 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Bistedokterspraktyk It Griene Hert".