Oerlis:Jan Schenkman

Lêste reäksje: 10 jier lyn troch Yn 'e Wâlden

Moeder de Gans, 'Mem de Guos', of bestiet der in bettere oersetting? Drewes (talk) 25 okt 2013, 19.00 (CEST)Beäntwurdzje

Is der in Fryske oersetting? As dat net sa is soe ik de Nederlânske kieze. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 25 okt 2013, 21.05 (CEST)Beäntwurdzje
Ik haw it by Charles Perrault (de skriuwer) sa dien: oarspronklike Frânske titel Contes de Ma Mère l'Oye; yn it Frysk ha 'k dêrfan makke "Ferhalen fan Us Mem de Goes". Ieneach fan 'e Esk (talk) 25 okt 2013, 21.57 (CEST)Beäntwurdzje
Dat net "Mearkes fan us Mem de Goes". Drewes (talk) 25 okt 2013, 22.00 (CEST)Beäntwurdzje
Nee, mar Contes de Ma Mère l'Oye wie ien fan 'e earste echte mearkessamlings, en Sprookjes van Moeder de Gans is dêr de Nederlânske oersetting fan. Je moatte begripe dat it wurd "mearke"/"sprookje" yn 1697 (!), doe't Contes de Ma Mère l'Oye útkaam, noch frijwol ûnbekend wie. Doe hie men it mear oer folksferhalen. Hoe dan ek, it is itselde boek. En wêr't it om giet by de ferfrysking is trouwens it stikje "van Moeder de Gans", en dêr soe ik "fan Us Mem de Goes" fan meitsje. Ieneach fan 'e Esk (talk) 25 okt 2013, 22.13 (CEST)Beäntwurdzje

Goed om de master omtinken yn de Frysktalige Wikipedia te jaan. Ik haw noch wol in opmerking. Neffens my brûkt it Frysk dy tusken 'r' net, dus Sinteklaas ynstee fan Sinterklaas. Yn 'e Wâlden (talk) 26 okt 2013, 10.27 (CEST)Beäntwurdzje

Werom nei de side "Jan Schenkman".