Oerlis:Lytsegast

Lêste reäksje: 4 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk

@RomkeHoekstra: Wêrom Lutjegast feroare yn Lytsegast, wat net in ynboargere foarm is? Fierders is it mar in heal-frysk (Lytsegaast of Lytsegeast hie better west) en leit it doarp net yn it Frysktalige part fan it Westerkertier. Drewes (oerlis) 10 mai 2019, 16.40 (CEST)Beäntwurdzje

Tsja, dêr ha wy wer soks. Myn skoanfamylje komt út Gerkeskleaster en dêr sizze se (yn it Frysk) Lytsegast (en haw it noch efkes neifrege mar elk dy't dêr Frysk praat neamt it plak dêr Lytsegast). Net Lytsegeast (dat leit ûnder Tytsjerk). It is trouwens ek net Gruttegeast mar Gruttegast. Dy artikels binne trouwens al yn 2017 skreaun, dus fier foar de diskusje fan krekt lyn. Ik hie no allinne de kategory oanpast. Ik sil it fuort feroarje it yn Lutjegast.--RomkeHoekstra (oerlis) 10 mai 2019, 19.03 (CEST)Beäntwurdzje
@Drewes en RomkeHoekstra: As de foarm 'Lytsegast' yn 'e Fryske sprektaal brûkt wurdt, liket it my in ynboargere ferfrysking ta. Sa't ik earder sei, bin ik net bot foar nije ferfryskings fan plaknammen, mar neffens Romke is it dus in besteandenien. Dan liket der my neat oan 'e hân te wêzen en kin wat my oangiet dizze side omneamd wurde ta Lytsegast. (En wat de diskusje '-gast'/'-geast' oangiet: Gruttegast, wat wis wol in ynboargere ferfrysking is, einiget ek net op '-geast'.) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 mai 2019, 19.46 (CEST)Beäntwurdzje
Dit is in twifelgefal dat der al oan siet te kommen, en it sil grif de lêste net wêze. Benammen plakken krekt oer de Fryske grins soene wol de Fryske namme krije kinne, at der mar boarnen foar binne. Yn dit gefal liket de boarne te bestean, al binne de boarnen gauris lestich werom te finen. Wat Gast oanbelanget: wy hawwe it hjir ek oer 'De Gastmer' wylst Gaastmar de offisjele namme is. It giet my der fansels net om, om gelyk te krijen, at wy mar nei goed oerlis ta beslút komme dat te hantearjen is. Dizze side is net sa geskikt om oerlis te hawwen. At ien nei sismar tsien jier witte wol wat der ôfsprutsen is oer de stavering fan lakken bûten Fryslân siket dy net sa gau by Lytsegeast/Lutjegast. Dat is krektlyk as it oerlis oer Sieuske plakken. Ik soe foarslaan wolle om dit oerlis earne oars hinne te plakken, bygelyks hjir of hjirre. At der in better plak is mei om my ek. Frou Watzema (oerlis) 11 mai 2019, 20.00 (CEST)Beäntwurdzje

Ik haw op foarstel fan Frou Watzema de boppesteande diskusje ferpleatst nei Wikipedy_oerlis:Mienskip#Ferfryskjen of net ferfrysken fan plaknammen bûten Fryslân. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 mai 2019, 20.55 (CEST)Beäntwurdzje

Werom nei de side "Lytsegast".