Oerlis:Meklenburch-Foarpommeren

Lêste reäksje: 12 jier lyn troch Yn 'e Wâlden

Bêste Wikiders,

Soe it ek de saak wêze om yn it Frysk fan "Mecklenburg" Mekkelenburch te meitsjen ynstee fan Meklenburch. En is der ea ôfpraat hoenear't wy burch of boarch brûke? Yn 'e Wâlden (talk) 17 jul 2012, 11.47 (CEST)Beäntwurdzje

Mekkelenburg? Mekkelenburch? Hm, liket my heal wurk ta. Dan Mekkelenboarch soe ik tinke (as it Dútsk oanhâlde). Swarte Kees woe yn sa'n gefal it taalburo fan de Fryske Akademy wolris rieplachtsje. Drewes (talk) 17 jul 2012, 17.43 (CEST)Beäntwurdzje
Ik tink dat wy Meklenburch-Foarpommeren oanhâlde moatte. Liket my hast in lyksoartige diskusje as 'makkelik' en 'maklik'. Boppedat tink ik dat de measte Friezen fan 'Meklenburch' prate en net fan 'Mekkelenburch'. It Frysk Hânwurdboek 2008 (it saneamde Frysk-Frysk wurdboek) nimt 'boarch' as standert skriuwwize. Op ús Wikipedy brûke wy sawol 'burch' as 'boarch'. Ik soe dêr it leafst wol in regel foar hawwe wolle, mar der binne minsken dy't dan miskien wer fan dy regel ôfwike wolle. Boppedat komt 'boarch' foar yn de Wâlden, en 'burch' yn de rest fan Fryslân. Ik soe net sizze wolle dat de iene groep it goed docht en de oare groep ferkeard. Bliuwt dus lestich. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 17 jul 2012, 19.39 (CEST)Beäntwurdzje
Soks bliuwt in bytsje sykjen fansels, lizze jo de klam op de útspraak yn de taal fan it lân of op de skriuwwize fan dy taal. Mei it gefal Rügen=Dútsk en Rugen=Frysk haw ik de útspraak folge. Yn it Frysk kenne wy it probleem ek, jo skriuwe Hurdegaryp en sa is it ek ferstille, mar it wurdt útsprutsen as 'Hurdegryp'. Om't it by plaknammen mear om in oanpassing fan it wurdbyld giet, kin ik my hiel goed fine yn -burch ynstee fan -boarch.Yn 'e Wâlden (talk) 17 jul 2012, 20.04 (CEST)Beäntwurdzje
Wy hawwe op ús Wikipedy de mooglikheid om troch te ferwizen. Foar de side oer Rugen haw ik in trochferwizing makke mei de namme Rügen. Minsken dy't Rügen yntype yn it sykfjild komme dus automatysk teplak op de side Rugen. De namme Hurdegaryp is fêstlein en fertsjinnet wat my oanbelanget gjin fierdere diskusje. By frjemde toponimen dy't wy net sa faak brûke yn it Frysk sjoch ik yn it foarste plak nei de útspraak. It soe in goed ding wêze om al dy frjemde toponimen ris fêst te stellen. Op de Wikipedy soe dêr in list fan makke wurde kinne dêr't minsken dan de mooglikheid hawwe om derop te stimmen, en mei arguminten te redendielen. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 17 jul 2012, 20.15 (CEST)Beäntwurdzje
Oanslute by it wurdbyld/de útspraak fan sa'n lân jout tink ik de bêste mooglikheden foar in Frysk wurdbyld, as wy soks nedich fine.Yn 'e Wâlden (talk) 17 jul 2012, 20.36 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Meklenburch-Foarpommeren".