Oerlis:Ruslân

Lêste reäksje: 1 jier lyn troch Aliter by it ûnderwerp Bestriden gebiet

Falt dêr oer te praten?

bewurkje seksje

@Aliter, FreyaSport, RomkeHoekstra, en Ieneach fan 'e Esk: en oaren. Putin’s propaganda deleted - there are not any „disputed” territories wol ‎46.204.72.244 hawwe. Is dat wol sa meidoggers? Drewes (oerlis) 28 des 2022, 19.47 (CET)Beäntwurdzje

Troch de wurden 'Putin's propaganda deleted' wol bewurker 46.204.72.244 tink in polityk statement meitsje. Mar der is sûnder mis striid tusken lannen om it gebiet. De iene hat it beset of anneksearre en de oare wol it werom ha. Objektyf kin dan oer 'disputed territories' skreaun wurde. Neffens my dan.--RomkeHoekstra (oerlis) 28 des 2022, 21.06 (CET)Beäntwurdzje
Yn myn eagen binne it earder yllegaal troch Ruslân besette gebieten. Dat is neffens my objektyf. Kneppelfreed (oerlis) 28 des 2022, 22.50 (CET)Beäntwurdzje
Neffens my sizze Meidogger:RomkeHoekstra en Meidogger:Kneppelfreed hjirboppe itselde: Der is striid om gebiet, de iene hat it beset (en yn "besetting" leit besletten dat it yllegaal is, oars neamden we it wol oars), en de oare wol it weromhawwe. Dat it om (yllegale) besetting giet, wol lykwols noch net sizze dat we it dan mar deaswije moatte. Dus dat kaartsje moat mar bliuwe. Wat ik wol moai fyn is dat de Koerilen, by Japan, der ek yn ljochtgrien op oanjûn steane (net dat je dat sjogge as je it net útfergrutsje, want dy eilannen binne mar sa lyts). Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 des 2022, 21.06 (CET)Beäntwurdzje
Dat kaartsje kin yndie bliuwe, salang't der mar dúdlik oanjûn stiet dat it om bestriden/anneksearre gebieten giet. Kneppelfreed (oerlis) 29 des 2022, 22.25 (CET)Beäntwurdzje
"Dat kaartsje kin yndie bliuwe, salang't der mar dúdlik oanjûn stiet dat it om bestriden/anneksearre gebieten giet." At wy dêr Commons foar brûke, dan wit ik net at wy der in protte oer te sizzen hawwe. Mar hoe ek, soks moat dúdlik oanjoen wêze. Wêr stiet wêrom der in pear ljochter griene flakken op dy kaart sitte? En wêrom krekt dy? Aliter (oerlis) 30 des 2022, 21.36 (CET)Beäntwurdzje

Bestriden gebiet

bewurkje seksje

Der hat immen ferteld dat 'there are not any „disputed” territories'. Oan it minne Frysk fan de skriuwer, kinne jo sjen dat it gelyk him wichtiger is as de krektens.

Oerset, komt it der op del dat der gjin "betwiste" gebieten wêze soenen binnen de grinsen fan Ruslân. Mar, dy binne der al; allinnich binne dy krekt oan de oare kant fan it lân. De Koerilen, tusken Kamtsjatka en Hokkaido, binne Ainû-gebiet. Sûnt dat folk by Japan kaam, binne Koerilen dus Japansk. Mar yn de rin fan ferskate oarloggen is alles benoarden Hokkaido beset troch "Moskou".

Op it stuit is der hielendal gjin romte yn it artikel foar lân dat net út harren sels ta Ruslân rekkene wurdt. Hat immen dêr in oplossing foar? (Sina hat eigen ideeên oer de grins mei Ruslân, mar ofsjeel binne dy no oplost. At dat sa bliuwt ...) Aliter (oerlis) 28 des 2022, 19.56 (CET)Beäntwurdzje

Ik bin der no efter wêrom de grinsen fan Ruslân net goed yn it artikel pasje: It moat oer de Russyske Federaasje wêze, mar der steane ieuwen fan iere skiednis yn. De Russyske Federaasje hat neat dien mei de Koerilen; dat wie de Sovjetuny. De tsaren hawwe iuwen oan buorlju ynnaam, en mûglik hawwe hja dêr't hja koenen de ynlanners om sjiippe holpen, en de Sovjetuny hat dat noch fuortsetten. Dat past net goed yn in artikel oer in steat dy´t earst sûnt 1991 bestiet. Wolle wy it aksent oars hawwe, as wolle wy it opsplitse.Aliter (oerlis) 29 des 2022, 18.30 (CET)Beäntwurdzje
We hawwe al aparte artikels oer it Keizerryk Ruslân en de Sovjet-Uny, dus opspjalten hoecht net mear. Ja, de Russyske Federaasje bestiet as ûnôfhinklik lân noch mar sûnt 1991 (as dielrep. fan 'e Sovjet-Uny al 70 jier langer), mar we kinne net bêst de Russyske skiednis begjinne litte yn 1991. (Dan soene we by Nederlân ek alle skiednis fan foar 1813 weilitte moatte.) Krektoarsom, ik fyn dat skiednisseksje fan dizze side sterk útwreide wurde moat. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 des 2022, 21.13 (CET)Beäntwurdzje
@Aliter en Ieneach fan 'e Esk:, ja de skiednis fan Ruslân mei wol goed útwreide wurde. Ek de siden oer de Sowjetuny en it Keizerryk Ruslân kinne wol wat langer en it soe moai wêze dat de foarrinner dêrfan, Grutfoarstedom Moskou, noch in side krijt. Mar alles op syn tiid fansels. Ik wist lykwols net dat de Koerilen noch hieltyd bestriden gebiet wie. Mar ja, Ruslân yn hokker foarm dan ek hat wol faker ymperialistyske tendinzen hân...--Kneppelfreed (oerlis) 29 des 2022, 22.32 (CET)Beäntwurdzje
Dat de skiednis fan Ruslân mei goed útwreide wurde. Prachtich, mar it artikel oer de staat fan Vladimir giet dêr net oer. De Holodomor, alle folken útroeid troch Stalin, de fermoarde Keningsbergers, de Mongoalen út de 19e ieu. Ik bin it mei eltsenien iens dat it artikel oer de skiednis dat allegear omfieme moat. It moat allinnich leafst net yn it artikel oer Vladimirlân. Ja, de Skiednis fan Nederlân yn is in it artikel oer Nederlân beheind, ta sa'n tûzen tekens. Wat tinkt ien fan Oekraîne, Balten, Finnen, Kazachstan en eltsenien oerweldige troch Lytshartochdom Moskou, der fan dan harren skiednis ta hjoedeisk Vladimirlân rekkene wurdt? Aliter (oerlis) 30 des 2022, 21.36 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Ruslân".