Oerlis:Skiermûntseagersk

Lêste reäksje: 5 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Namfallen?

"Ek de stavering wykt wat ôf fan it Standertfrysk, mei bygelyks "ië" foar de Standertfryske "ie" (útsein foar de "r")."

Wat útsein foar de r? Aliter 04.56, 10 jan 2006 (UTC)

foar de r wurdt it dus net ië, mar ie, en my liket it ta (mar no ried ik dernei) dat dat sa is om't in i-klank foar in r dochs al in sjwa derefter krijt (ek yn it Frysk): jier, rier, tier (kinst net sizze jiir, riir, tiir). Dus ië wurdt allinne skreaun as de útspraak ek ii of i wêze kinne soe, lykas - en dit binne besteane Skiermûntseager wurden - snië, triënen, wië, misschiën (mar net yn fertier, bier, ensfh. Woadan 13.29, jan 12, 2006 (UTC)

Is "saun", "laun", "haun", "braun" en "straun" foar "sân", "lân", "hân", "brân" en "strân"," in folsleine opsomming, of kinne wy ek mei yn foarbyld fan dat ferskil ta? ... Aliter 04.56, 10 jan 2006 (UTC)

dat is in opsomming en at er folslein is wit ik net. Ien foarbyld kin ek, mar is lang net sa pittoresk. Woadan 13.29, jan 12, 2006 (UTC)

Gedicht fuorthelle

bewurkje seksje

By neier ynsjen haw ik it gedicht fan L. Wiersma, dat ik ûnderoan as foarbyld jûn hie, mar wer fuorthelle, want ik wit net at it wol tastien is dat hjir yn syn gehiel wer te jaan (yn ferbân mei copyright ensfh.). Woadan 13.29, jan 12, 2006 (UTC)

By my yn'e kast stiet noch in Schiermonnikeiger Lôzbúek; dêr't ek njoggentjinde-ieuwske ferhealen in stean. Dêr kinne wy bêst wat fan oernimme. WanabeFries 20.43, jan 12, 2006 (UTC)
Dat wie in moaie oplossing, at dir gjin staveringkwestjes binne. Is der eat by oer Skiermûntseagersk of Skiermûntseach?
No't ik der oerneitink: 2006 - 80 = 1926. Dan moat de skriuwer fan sa'n stikje al foar 1926 ferstoarn wêze. Hjir kin noch wat wurk yn sitte. Aliter 23.38, jan 12, 2006 (UTC)

Trio

bewurkje seksje

Dyami Millarson setten de Hongkonger Ken Ho en de Italjaan Giovanni Pinto har yn foar it Skiermûntseagersk...... en dit jout nij perspektyf foar it oerlibben fan de Skiermûntseagersk. Om't de trije jongerein in ynternasjonaal geselskip binne, wurdt de taal no brûkt foar ynternasjonale kommunikaasje, en dermei hat it in nije funksje foar de takomst krige. De skriuwer liket der wol hiel wis fan. In nije funksje yn de ynternasjonale kommunikaasje - 3 man. Ik tink dat wy hjir it hichtepunt fan yrreëel optimisme berikt hawwe en fyn dat de tekst sa net stean bliuwe kin. Drewes (oerlis) 16 sep 2018, 15.07 (CEST)Beäntwurdzje

In punt, mar ik nim oan dat de anonime bydrager, dy't alles dúdlik mei boarnen ûnderboud hat, hjir it artikel yn De Telegraaf nijpraat. Ik haw gjin inkele muoite om te leauwen dat it sa yn De Telegraaf stien hat. Ik haw de tekst oanpast om dúdlik te meitsjen dat dat is wat der bedoeld wurdt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 sep 2018, 16.14 (CEST)Beäntwurdzje

Namfallen?

bewurkje seksje

Nee, 't Skiermûntseagersk hat wisse gjin namfallen. In namfal wol sizze dat de/in wurdfoarm feroaret nei't in oare funksje yn'e sin hat (bygelyks ûnderwerp of foarwerp). Mei manlik en froulik hat it hielendal neat te krijen. Steinbach (WanabeFries) (oerlis) 27 jan 2019, 15.26 (CET)Beäntwurdzje

Jo hawwe gelyk. Ik haw de tektst oanpast. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 jan 2019, 22.54 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Skiermûntseagersk".