Oerlis:Steaftsjerke

Lêste reäksje: 1 jier lyn troch Kneppelfreed by it ûnderwerp Twifel oer stavering

Twifel oer stavering bewurkje seksje

Goeiemoarn @Drewes, @Ieneach fan 'e Esk, @RomkeHoekstra @Kneppelfreed, Ik twifelje in bytsje oer de stavering. moat it al Steaftsjerke wêze of dochs Staafstsjerke. Sawol it wurdboek as Frysker jouwe gjin útslútsel, dat ik bin earst mar útgien fan de hjir op Wikipedy al oanwêzige stavering. FreyaSport (oerlis) 6 nov 2022, 11.49 (CET)Beäntwurdzje

Op wiki sjoch ik sawol steaf- as staaftsjerke; it soe ek stêftsjerke wêze kinne. Yn it Dútsk komt as fariant ek 'masttsjerke' foar, fanwegen de sintrale 'mast' (of 'stêf'). Ik ha der sels yn it lemma oer de Steaftsjerke fan Vang der doe mar steaftsjerke fan makke, mar oft dat geef Frysk is wyt ik net. RomkeHoekstra (oerlis) 6 nov 2022, 12.38 (CET)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed, Drewes, FreyaSport, en RomkeHoekstra: Dizze tsjerke is makke fan houten latsjes, wat yn it Hollânsk "duigen" hjitte as se brûkt wurde foar in tûne. As je yn it wurdboek Ned.-Frysk op "duig" sykje, is de fertaling "stêf, steaf". Persoanlik soe ik "steaf" brûke, mei't in "stêf" foar myn gefoel mear in lange stôk is dy't je yn 'e hân hâlde, lykas de stêf fan Sinteklaas. Dus wat my oangiet, moai sa litte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 nov 2022, 12.57 (CET)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed, @Drewes, @Ieneach fan 'e Esk en @RomkeHoekstra dan lit ik it ynearsten sa. FreyaSport (oerlis) 6 nov 2022, 13.48 (CET)Beäntwurdzje
Ja, moai sa litte. Kneppelfreed (oerlis) 6 nov 2022, 19.21 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Steaftsjerke".