Oerlis:Swierwêzen

Lêste reäksje: 11 jier lyn troch Yn 'e Wâlden

Is yn dit lemma net te maklik zwanger en zwangerschap oerset mei swanger en swangerskip? In kritysk taaleach soe gâns fertuten dwaan yn dit artikel. Hindrik

Tsja, it is in lestich punt. Yn it Frysk hawwe wy fansels swier/yn ferwachting en it swierwêzen/dracht. Om my soe dat ek meie, wat fine de oare meidoggers derfan? Lykas faak, is it geef Frysk wat ferâldere. Groetnis MeinRei 2 jan 2012, 15.46 (CET)Beäntwurdzje
Ik fyn dat der mear swierens/swierwêze/yn ferwachting yn moat. Lit swangerskip hjir en dêr mar stean, oars witte Frollanners net wêr't it oer giet. Drewes 2 jan 2012, 18.29 (CET)Beäntwurdzje

Hoesa wit in Frollander net wat yn ferwachting is, en is liifmoer dan ek gjin baarmoeder en smoke roke? En wat dan mei de algemiene wiki-terminology lykas triem? 'Bied triem oan'? Wat is dat dan?Hindrik

Ik soe útstelle wolle, dat Hindrik it artikel sels ris bewurket. Binne de oaren it dêrmei iens? As titel soene jo 'Swierwêze' nimme kinne. Dan soene jo de earste sin begjinne kinne mei Swierwêze, yn ferwachting wêze, ensfh. De problemen fan dy ferhipte Frolanners wurde gauris brûkt om de eigen sin of frustraasje troch te setten. Mei in redirekt kinne wy in soad oplosse.Yn 'e Wâlden (talk) 31 okt 2012, 10.44 (CET)Beäntwurdzje

Goed, yndie gjin argumint dat fan de Frollanners, ferjit it mar. Om my mei alles yn geef Frysk. Fiel jo frij en feroarje it sa't jo it goed achtsje. Drewes (talk) 31 okt 2012, 14.50 (CET)Beäntwurdzje

By it artikel steane nochal wat plaatsjes dy't gjin oanfolling jouwe oan de tekst. Ik soe dêr graach in bytsje regaad yn hâlde. Ik fyn it no tefolle in pornografyske side.Yn 'e Wâlden (talk) 1 nov 2012, 09.30 (CET)Beäntwurdzje

Wat my oanbelanget fiel dy frij --Geoffrey (talk) 1 nov 2012, 12.01 (CET)Beäntwurdzje
Fiel jo frij. Drewes (talk) 1 nov 2012, 14.41 (CET)Beäntwurdzje

Is it stik sa frij fan pornografyske ôfbylden, Wâldman? Gr. Drewes (talk) 2 nov 2012, 23.34 (CET)Beäntwurdzje

Ja soks liket better, foar sokke bylden binne der ommers gâns oare siden te finen. Yn 'e Wâlden (talk) 3 nov 2012, 13.06 (CET)Beäntwurdzje

Neffens my moat de side sa goed wêze. Fiel jo frij him nochris tsjin it ljocht te hâlden. Op in stuit lêze jo wat jo yn de holle hawwe.Yn 'e Wâlden (talk) 6 nov 2012, 15.32 (CET)Beäntwurdzje

Werom nei de side "Swierwêzen".