Oflûken (seksualiteit)

(Trochferwiisd fan Onanisme)

Oflûken is in seksuele aktiviteit wêrby't de penis mei de hân stimulearre wurdt, wat almeast liedt ta in orgasme. Soks is in foarm fan masturbaasje en faak ek fan selsbefrediging. In âldere oantsjutting foar ôflûken yn 'e sin fan selsbefrediging is onanisme, nei it bibelske ferhaal oer Onan (Genesis 38:8-9).

In man dy't ôflutsen wurdt troch in frou. (Akwarel fan Johann Nepomuk Geiger, 1840.)

Oflûken is in foarm fan masturbaasje. As in jonge of in man himsels ôflûkt, sprekt men fan selsbefrediging. Oflûken kin lykwols ek troch in frou of in oare man dien wurde by de man dy't it ûndergiet; yn dat gefal is der sprake fan mienskiplike masturbaasje. Oflûken is op himsels in foarm fan net-penetrative seks, mar mienskiplike masturbaasje is almeast ûnderdiel fan it foarspul fan oare foarmen fan seks, dy't wól penetratyf binne, lykas orale seks, faginale seks of anale seks. By mienskiplike masturbaasje kin behalven it ûndergean fan ôflûken ek it ôflûken fan jins sekspartner seksuele opwining feroarsaakje.

 
In tekening fan in man dy't himsels ôflûkt.

By ôflûken wurde mei de hân op-en-delgeande bewegings oer de penis makke, dy't wol wat wei hawwe fan lûken (dêrfandinne de namme). It kin lykwols ek gean om bewegings dy't mear draaie as lûke. Troch de bewegings skoot de foarhûd hinne en wer oer de nút (de útein fan 'e penis), dy't sa seksueel stimulearre rekket, mei as gefolch dat der in ereksje ûntstiet. By in ûnbesniene penis kin it 'lûken' dien wurde troch mei de hân inkeld de hûd fan 'e penis op en del of hinne en wer te bewegen, of troch de hân sels oer de penis hinne te bewegen. Yn it lêste gefal is der ferlet fan eat om it glydzjen makliker te meitsjen, lykas flibe of in glydmiddel. By in besniene penis, dêr't de foarhûd ûntbrekt en de hûd fan 'e nút dêrom safolste drûger is, moat eins altyd in glydmiddel brûkt wurde. Geandewei it masturbearjen begjint de penis sels ek foarfocht te lekken, mar dat is faak net genôch of te let.

In fideo fan in man dy't ôflutsen wurdt troch in frou.

By ôflûken as foarm fan selsbefrediging wurdt de oare hân faak brûkt om 'e balsek strak nei ûnderen te lûken en/of om 'e testikels sêftkes te massearjen. Guon (mar lang net alle) manlju fine it oangenaam om ûnder it ôflûken ek de spiennen of de anus oan te reitsjen. De bewegings oer de penis feroarsaakje seksueel geniet en wurde oer it algemien folholden oant der in orgasme folget dat mank giet mei de ejakulaasje fan sperma. Dat wurdt dêrby troch de urinebuis út 'e penis spuite. Dêrnei folget in saneamde refraktêre perioade, wêrby't de penis in skoft net wer stiif wurde wol. It is dêrom foar manlju dreech, sanet ûnmooglik, om harsels mear as ien kear efterinoar ôf te lûken.

Eroatyske massaazje

bewurkje seksje

Yn in beskate kategory massaazjesalons wurde manlike klanten troch masseuzes ôflutsen as ûnderdiel fan 'e massaazje of fuort dêropfolgjend as in soarte fan 'tajefte'. Sokke massaazjes wurde eroatyske massaazjes neamd en it ôflûken stiet bekend as in happy ending. It wurdt yn 'e measte lannen foar de wet beskôge as in foarm fan prostitúsje, mei't der troch de klanten foar betelle wurdt.

Oare redens foar ôflûken

bewurkje seksje

Der besteane ek redens om jinsels ôf te lûken dy't net drekt mei seksueel geniet te krijen hawwe. Sa dogge manlju it ek as se in spermadonaasje dwaan wolle by in spermabank of as harren sperma ûndersocht wurde moat foar in fruchtberensûndersyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.