Osingastate (Skettens)

Osingastate wie in state by Skettens, by de buorskip Sotterum. Fan oarsprong hat it nei alle gedachten in sealstins west, boud yn 'e 15e iuw. De state hat bewenne west troch Skelte fan Aysma. Yn de tiid dat Jabik Stellingwerf it gebou tekene hat, likernôch 1722, wie it dúdlik in state. Letter, mooglik om 1743 hinne, is it in pleats wurden, mar it hat hieltyd noch it grutte hiem en de grêft fan de state.

Osingastate

De Van Osingawei yn Skettens is neamd nei dizze state.

Keppeling om utens

bewurkje seksje