Scouting Ossewa is in BE-groep foar Skouts mei in lichaamlike handikap. De leden komme út de trije noardlike provinsjes fan Nederlân: Fryslân, Grinslân en Drinte. Hoewol it klupgebou yn Beetstersweach stiet sit it bestjoer yn de stêd Grins, hjirtroch falt de groep binnen de Scouting Regio Grinslân.

Sjaal sa as dizze droegen wurdt by Scouting Ossewa (ynsynje op sjaal ûntbrekt)

De namme komt fan it Afrikaanske wurd foar Oksewein.

Scouting Ossewa is oprjochte yn 1950 as in Postgroep foar lichaamlik beheinde bern en jongerein. De offisjele namme ut die tiid is dan ek: ‘Postgroep III: Noord Nederland’. In guozzefear yn it logo fan de groep herinnert oan dizze tiid.

Yn 1957 begûnen de moanlikse wykeinopkomsten yn in it klupgebou. Yn de rin fan de tiid hat de groep ferskate gebouwen hân.

Keppeling om utens

bewurkje seksje