Piter Wibertus Brouwer

(Trochferwiisd fan P.W. Brouwer)

Piter Wibertus Brouwer, gauris ferkoarte ta P.W. Brouwer (Snits, 24 desimber 1925Lânsingerlân, 28 novimber 2013)[1], is in Frysk literêr oersetter wenjend te Rotterdam. Hy is û.m. ferantwurdlik foar de Fryske fertalings fan Erasmus syn De Lof fan de Healwizens (2001), Utopia fan Thomas More (2002) en De Godlike Komeedzje fan Dante Alighieri (2008).

Piter Wibertus Brouwer
persoanlike bysûnderheden
oare namme P.W. Brouwer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 24 desimber 1925
berteplak Snits (Fryslân)
stoarn 28 novimber 2013
stjerplak gem. Lânsingerlân (Súd-Hollân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt learaar
aktyf as oersetter
jierren aktyf 2001 – no
bekendste
  wurk(en)
Utopia
De Godlike Komeedzje

Brouwer is opgroeid yn Snits, mei it Snitsersk. Yn Hilversum hat er it skreaune Frysk yn 'e macht krigen. Hy waard learaar yn it roomsk-katolyk fuortset ûnderwiis, ûnder mear oan de kweekskoalle. Ek wie er sjoernalist foar it RK deiblêd "Ons Noorden". [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Side mei berte- en stjertegevens fan û.o. P.W. Brouwer (sykje op 'Wibertus')
  2. www.elikser.nl