PKN-tsjerke Sint-Georgius (Suwâld)
De PKN-tsjerke fan Suwâld is in oarspronklik oan de hillige Georgius wijde tsjerke. Sûnt de reformaasje wie it in herfoarme tsjerke; tsjintwurdich is it ryksmonumint de tsjerke fan de Suwâldster gemeente fan de Protestanske Tsjerke yn Nederlân.
Sint-Georgiustsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Tytsjerksteradiel | |
plak | Suwâld | |
adres | Tsjerkebuorren | |
koördinaten | 53° 13' N 5° 55' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Sint-Georgius | |
Arsjitektuer | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 35684 | |
Webside | ||
Side Prot. tsjerke Ryptsjerk | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe âldste dielen fan de tsjerke datearje nei alle gedachten noch út de 12e iuw en binne te finen yn it westlike diel. De oarspronklike romaanske tsjerke fan tufstien ferlear in soad fan it âlde oansjen.
Yn 1828 stoartte de sealtektoer fan de tsjerke yn. De tsjerke krige yn 1835 wer in nije toer. Nei in restauraasje fan de toer yn 1862 waard yn 1888 de hjoeddeiske toer boud. De gotyske finsters waarden doe ferfongen troch grutte rûnbôgeramen en in pear ramen waarden tichtmitsele. De yngong waard ferpleatst nei de westlike gevel.
It healrûne koer fan de tsjerke waard yn 1922 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in dwersskip.
Yn de jierren 1990 waard de tsjerke restaurearre. By de restauraasje makke de SOW-gemeente foar de tsjinsten gebrûk fan de grifformearde tsjerke.
Yn de toer hinget in yn 1617 troch Hans Falck getten klok.[1][2]
Oargel
bewurkje seksjeTagelyk mei de foarnommen restauraasje joegen de tsjerkfâlden yn 1984 de opdracht oan Bakker & Timmenga út Ljouwert in nij oargel te bouwen. It instrumint waard yn novimber 1889 yn gebrûk nommen.[3]
Ofbylden
bewurkje seksje-
Oargel
-
Preekstoel
-
Konsistoarje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|