Pantomym

(Trochferwiisd fan Pantomime)

Pantomym (fan it Grykske παντόμιμος, pantomimos: pan = "alles" en mimos = "imitator" of "akteur"), yn 'e regel koartwei mym[1] neamd, is in teäterfoarm dêr't in akteur in sitewaasje of ferhaal by útbyldet troch it gebrûk fan lichemstaal, benammen troch it meitsjen fan gebearten mei de hannen en troch gesichtútdrukkings. Soms wurde ek lûdseffekten brûkt of eftergrûnmuzyk, mar der wurdt beslist net praat.

Pablo Zibes, mymspiler.

Sadwaande is dizze foarm fan teäter net bûn oan taal, mar ynstee dêrfan folslein fisueel en dêrom foar in protte minsken te begripen. Mymspilers sjocht men faak yn sirkussen (dêr't se ek as clown by aktyf binne) en gewoan op 'e dyk as strjitartyst. Mymspilers binne yn 'e regel wer te kennen oan harren wytsmynkte gesicht en harren wite wanten.

De grûnlizzer fan mym wie Livius Androanikus, in Gryksk dichter en artyst út súdlik Itaalje, dy't yn 'e trêde iuw f.Kr. libbe. Krekt foar in foarstelling ferlear dy op in stuit syn stim, wêrnei't er him efter in masker ferskûle en de tekst troch in helper yn 'e kûlissen oplêze liet. Androanikus ûntdiek doe dat er him sa folle frijer bewege en better uterje koe.

Ien fan 'e bekendste tsjintwurdige mymspilers, al wurdt er troch it grutte publyk ornaris net as sadanich sjoen, is de Ingelske komyk Rowan Atkinson, yn syn rol as knoffelige en ûnnoazele Mr. Bean.

Bekende mymspilers

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1181.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.