Haadmenu iepenje

Papillon (pornografysk aktrise)

Papillon, echte namme ûnbekend (Los Angeles, 16 augustus 1975), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Dútsk-Filipynsk etnysk komôf. Har artystenamme Papillon, it Frânske wurd foar "flinter", wurdt soms ek wol ferhaspele ta Papillion. Hja moat net betize wurde mei Kascha Papillon, dat in oare rêstende pornoaktrise is.

Papillon
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Papillon (aktrise).jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme ?
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 16 augustus 1975
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Flag of Germany.svg Dútsk
Flag of the Philippines.svg Filipynsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19962004
offisjele webside
gjint

Libben en karriêreBewurkje

Papillon waard yn 1975 berne yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, dêr't hja ek opgroeide. Yn 1996, doe't se 21 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se dêrnei yn 108 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Sin City, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, VCA Pictures, New Sensations, Evil Angel, Devil's Film, Anabolic Video en Elegant Angel. Dêrby lei Papillon har benammen ta op it spyljen yn anale sekssênes. Njonken har aktearwurk posearre se ek as neakenmodel foar ferskate neakenblêden. Yn 2004 loek se har úteinlik nei acht jier út 'e pornoyndustry werom.

LichemsskaaimerkenBewurkje

Neffens har offisjele opjefte wie Papillon ûnder har pornokarriêre 1.65 m lang, mei in gewicht fan 52 kg en in natuerlike kupmaat 36D. Hja foel op troch in grutte tatoeaazje fan in flinter (papillon) fuort boppe har fagina. Fierders hie se lytsere tatoeaazjes op 'e binnenkant fan har rjochterankel en de bûtenkant fan har lofterankel, en in bântatoeaazje om har lofterboppe-earm. Papillon hie ek piercings yn har tonge en har klitoris.

Keppelings om utensBewurkje