Paulus Scheltema
Paulus Cornelis Scheltema (Frjentsjer, 14 desimber 1752 - dêre?, 1 july 1835) wie Frysk skriuwer en ûntfanger fan de Direkte Belestings.
As bynamme hie er Paulus Liger. Hy wie de broer fan Jacobus Scheltema. As boer skreau er oer lânboufraachstikken, dêrnei kaam er by de belestingen te wurkjen. Op lettere leeftiid krige er belangstelling foar it Frysk. Sa samle er Fryske sprekwurden en bemouide er him mei it Achlumer terskrjocht. Wie befreone mei Joast Halbertsma. De Maatskippij Letterkunde yn Leie en it Frysk Genoatskip hawwe hânskriften fan Paulus Scheltema.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|