De pearelpûster (Lycoperdon perlatum) is in skimmel yn 'e famylje Lycoperdaceae. It is in wite pûster en as er ryp is komme de spoaren frij út in gatsje oan 'e boppekant fan it fruchtlichem.

pearelpûster
taksonomy
ryk skimmels (Fungi)
stamme stâltsjeswammen (Basidiomycotaa)
klasse plaatsjesswammen (Agaricomycetes)
skift plaatsjesswammen (Agaricales)
famylje pûstereftigen (Lycoperdaceae)
skaai pûsters (Lycoperdon)
soarte
Lycoperdon perlatum
(Pers.) 1796

De soarte waard lang tawiisd oan 'e bûkskimmels (Gastromycetidae), mar fylogenetysk ûndersyk lit dy takson langer net ta. De pearelpûster en syn besibbe soarten wurde no by de sjaminjoneftigen (Agaricaceae) yndield, dy't njonken plaatsjeswammen ek soarten omfieme, dy't gjin fruchtlichem mei lamellen ha.

 
Aldere pearelpûsters.

De pearelpûster is likernôch 3 oant 10 sm heech en hat de foarm fan in omkearde par of flesse mei in dúdlike stâl. It oerflak is mei wratsjes en stikels mei in koanyske foarm beset. As se fuortwreaun wurde ûntstiet der in netfoarmich patroan op it oerflak. De wratten wurde nei de basis fan 'e stâl hieltiten lytser. Ynearsten is de fruchtmassa yn 'e krop stevich en wyt, mar by it útdrûgjen falt it fleis útinoar yn oliifbrún spoarepoeier. As se ryp binne, skuort de kroan iepen sadat de spoaren út it gatsje ûntsnappe. De wyn blaast se fuort en sa ferspriedt de soarte him.

De pearelpûster waard eartiids brûkt om bloed mei te sturjen en brânwûnen te behanneljen. De spoaren kinne yrritaasjes oan 'e noas en eagen feroarsaakje. Guon folken leauwe sels dat se blinens feroarsaakje. Ek kin it ynheljen fan 'e spoaren yn 'e longen in allergyske reaksje feroarsaakje.

Fersprieding

bewurkje seksje

De soarte komt yn grutte parten fan 'e wrâld foar yn leaf- en nullebosk. Se wurde faak yn grutte groepen yn klusters fûn. De fruchtlichems binne fan juny oant novimber te finen.

Pearelpûsters kinne iten wurde as se jong binne. De geur is krûdich. Salang it fleis noch wyt is, kinne se ek rau iten wurde. Se binne net geskikt om te sieden, om 't it fleis dan taai wurdt. De soarte kin koart yn bûter goudbrún bakt wurde.

Gelikense soarten

bewurkje seksje

Der binne in pear soarten dy't op 'e pearelpûster lykje:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: