De Pedieos (Gryksk: Πεδιαίος, Turksk: Kanlı Dere) is mei in lingte fan 98 km de langste rivier fan Syprus. De rivier begjint tichteby it Machairaskleaster yn it Troödosberchtme en streamt dêrnei nei it noarden. Nei it Troödosberchtme streamt de rivier oer de Mesaoria, de flakte tusken it Troödos- en it Kyreniaberchtme. De rivier streamt fierder troch de haadstêd Nikosia, dêr't in park oan 'e iggen fan 'e rivier leit. Nei Nikosia streamt de rivier troch it Turkske Noard-Syprus. Dêr wiziget de rivier de rjochting nei it easten. Lang om let mûnet de rivier yn 'e Middellânske See út by de âlde ruïnestêd Salamis, net fier fan it hjoeddeiske Famagusta.

Riviersysteem fan 'e Pedieos.
Pedieos yn Noard-Nikosia.

Mei't it yn Syprus net in soad reint, stiet de rivier in grut part fan it jier drûch. Allinne yn 'e lette hjerst, de winter en de maitiid rint der wetter troch de rivier. Dat is dan reinwetter en wetter fan 'e ranenende snie yn it Troödosberchtme. De rivier hat twa damen, dy't wetter opfange foar de lânbou simmerdeis.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pedieos fan Wikimedia Commons.