Machairaskleaster

It Machairaskleaster (Gryksk: Μαχαιράς; ek: Panagia tou Machaira) is in histoarysk kleaster yn it eastlik diel fan it Troödosberchtme by it doarp Lazanias op it eilân Syprus. It kleaster is oan Marije wijd en leit likernôch 40 km fan Nikosia op in hichte fan likernôch 900 m. De stifting wie tsjin de ein fan 'e 12e iuw. It kleaster fiert op 21 novimber it feest fan de Opdracht fan Marije yn 'e Timpel.

Machairaskleaster
Lokaasje
lân flagge fan Syprus Syprus
distrikt Nikosia
plak by Lazanias
koördinaten 34° 56' N 33° 10' E
Kleastergegevens
denominaasje Tsjerke fan Syprus
oprjochting 12e iuw
oprjochter Manuel I Komnenos
patroanhillige Marije
Kaart
Machairaskleaster (Syprus)
Machairaskleaster

Neffens de leginde soe in hearremyt yn 'e tiid fan it ikonoklasme in troch de apostel Lukas skildere ikoan út Lyts-Aazje nei Syprus smokkele en ferstoppe ha yn in grot. Dy Marije-ikoan bleau ferskûle, oant de twa hearremiten Neofytos en Ignatius yn 1145 út Palestina op Syprus oankamen en yn dy grot de ikoan fûnen nei't hja dêr mei in mes earst in soad begroeiïng ferwidere hiene. Sa krige de ikoan de namme Machairotissa, ferwizend nei it Grykske wurd foar mes: μαχαίρι (Machaira).

Nei de dea fan Neofytos, reizge Ignatios yn 1172 mei in oare hearremyt nei Konstantinopel, dêr't hja foar de stifting fan it kleaster finansjele help krige fan 'e doetiidske Byzantynske keizer Manuel I Komnenos. It kleaster krige boppedat it besit oer de hiele berch dêr't it no stiet en in ûnôfhinklike status fan 'e biskop.

 
Ynterieur tsjerke.

Yn 'e iere 13e iuw waard it kleaster ûnder de muonts Neilos fergrutte. Hy waard de earste abt fan it kleaster en letter sels biskop fan Tamassos. De Byzantynske keizers wiene rynsk foar it kleaster en Isaäk II Angelos joech it kleaster jild en lân yn Nikosia, wylst keizer Aleksios III Angelos 24 liifeigenen skonk.

De Byzantynske tiid fan it kleaster waard opfolge troch in tiid fan de Lantynske oerhearsking fan 'e Franken en Fenesianen (1192-1571), in tige drege tiid foar de Tsjerke fan Syprus. De Frankyske bestjoerders makken fan 'e ynwenners liifeigenen en stiften op Syprus de Latynske Tsjerke. Mei in frontale oanfal op 'e Otterdokse Tsjerke besochten de nije hearskers de bewenners ek geastlik ûnderhearrich te meitsjen en de gefolgen wiene fral grut foar de kleasters.

Nei de Latynske oerhearsking folge in trije iuwen lange Ottomaanske besetting (1571-1878), in tiid dy't foar de bewenners gjin ferbettering brocht, útsein dat de Tsjerke fan Syprus syn selstannigens werom krige. Ien fan 'e bekendste ynwenners fan it kleaster wie de aartsbiskop Kyprianos, dy't yn 1756 yn Strovolos berne wie en op jonge leeftyd muonts yn it kleaster waard. Kyprianos tsjinne in oantal jierren yn it kleaster oant er yn 1810 as aartsbiskop wijd waard. Hy hat in soad foar de Grykske saak betsjut en waard tegearre mei in soad oare geastliken en Gryksk-Syprioaten yn 'e tiid fan 'e Grykske Unôfhinklikheidskriich troch it Turkske bewâld oppakt en yn 1821 mei de hiele religieuze en ekonomyske Gryksk-Syprioatyske boppelaach fan Syprus fermoarde. De aartsbiskop wurdt as martler yn Syprus fereare.

 
Monumint foar Grigoris Afxentiou.

Op 'e Ottomaanske tiid folge de Britske koloniale tiid mei't de Britten in oerienkomst op 4 juny 1878 sletten. Yn ruil foar it bestjoer op Syprus ûnthiet Grut-Brittanje Turkije tsjin it Russyske Keizerryk te stypjen. Yn 1892 baarnde it kleaster oant op 'e grûn ôf, dat wie de twadde grutte brân nei't earder yn 1530 it kleaster troch in grutte brân troffen waard. Archimangryt Chariton reizge nei it Russyske Ryk om jild foar de weropbou yn te sammeljen en hy helle dêr foar de werbou 6.483 rûbels op. Dêrnei waard it kleaster troch de Grysk-Syprioatyske EOKA-strider Grigoris Afxentiou yn ferbân brocht mei de frijheidsstriid tsjin it koloniale bewâld. Grigoris Afxentiou fûn faak in skûlplak yn it kleaster en op 3 maart 1957 ferstoar de frijheidsstrider nei ferrie yn syn geheime skûlplak, mei't de Ingelsen syn skûlplak mei benzine oergetten en yn 'e brân stutsen. Op it terrein fan it kleaster is in lyts museum, dat opdroegen is oan Grigoris Afxentiou. Op it plak fan syn skûlplak stiet ta syn neitins in grut stânbyld.

It kleaster hat in rjochthoekich grûnplan. De haadyngong is yn it easten, in twadde leit dêrfoar oer. De kleastergebouwen binne om de sintraal lizzende tsjerke yn Byzantynske styl boud, dêr't de troch Lukas skildere ikoan bewarre wurdt. It ynterieur is ryk fersierd mei fresko's, ikoanen en kroanluchters.

Yn it kleaster wenje likernôch 30 otterdokse muontsen, dy't mei lânbouaktiviteiten de kost fertsjinje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel is foar in part in oersetting fan it Ingelsktalige en:Machairas Monastery