Perzyske boskmûs
De Perzyske boskmûs (wittenskiplike namme: Apodemus witherbyi) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat foarkomt yn súdwestlik Aazje. Dizze soarte libbet yn elts gefal yn Georgje, Armeenje, Azerbeidzjan, Lyts-Aazje, Israel, Palestina, westlik Jordaanje, Iraan, Turkmenistan en westlik Pakistan. Yn it westen komt er wierskynlik ek foar yn westlik en noardwestlik Syrje, Libanon en noardlik Irak, en yn it easten yn Afganistan, mar dêr is er oant op 't heden noch net oantroffen. Soms wurdt ek de súdlike Oekraïne ta syn ferspriedingsgebiet rekkene.
Perzyske boskmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Apodemus witherbyi | ||||||||||||
Thomas, 1902 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Taksonomy
bewurkje seksjeYn ûnderskate publikaasjes is de Perzyske boskmûs of in dielpopulaasje dêrfan identifisearre as: Apodemus arianus Blanford, 1881; Apodemus falzfeini Mezjerin & Zagorodnjuk, 1989; en Apodemus iconicus Heptner, 1948. Apodemus arianus is lykwols in synonym foar de grutte boskmûs (Apodemus flavicollis), en de oare nammen binne minder âld as Apodemus witheryi Thomas 1902, dy't sadwaande foarrang genietet. Twa mooglik ûndersoarten (mar it kinne ek gewoan synonimen wêze) wurde soms as aparte soarten erkend: de gielboarstboskmûs (Apodemus fulvipectus Ognev, 1924) en de Hermonboskmûs (Apodemus hermonensis Filippucci et al., 1989), út 'e omkriten fan 'e berch de Hermon, op 'e Syrysk-Libaneeske grins.
Besibskip oan oare soarten
bewurkje seksjeIt soe skoan kinne dat de Perzyske boskmûs it naust besibbe is oan 'e lytse boskmûs (Apodemus uralensis) en oan 'e wardboskmûs (Apodemus pallipes). De Perzyske boskmûs is lykwols in slach lytser as de (gewoane) boskmûs (Apodemus sylvaticus), de soarte dêr't er yn it ferline ornaris mei lykslein waard. Boppedat ferskilt er dêr ek fan yn kleur.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |