Petrus- en Paulustsjerke (Görlitz)
De Petrus en Pauluskerk (Dútsk: Pfarrkirche St. Peter und Paul) is in protestantsk tsjerkegebou yn Görlitz yn 'e Dútske dielsteat Saksen. De tsjerke stiet boppe de Neiße en is mei de twa tuorren en it hege kopertek byldbepalend foar de histoaryske binnenstêd.
Sint-Petrus- en PaulustsjerkeSt. Peter und Paul | ||
Lokaasje | ||
lân | ||
dielsteat | Saksen | |
plak | Görlitz | |
koördinaten | 51°9'N 14°59'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Evangelyske Tsjerke yn Dútslân | |
patroanhillige | Petrus en Paulus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1425–1497 | |
boustyl | gotyk, neogotyk | |
Webside | ||
www.innenstadtgemeinde-evangelisch-goerlitz.de | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOan it begjin fan 'e 13e iuw stie op it plak al in basilyk, wêrfan't it westlike diel bewarre bleaun is. De tusken 1425 en 1497 nijboude fiifskippige letgoatyske tsjerke in pseudobasikale halletsjerke. De tsjerke is lykwols gjin suvere halletsjerke en de bûtenste twa sydskippen binne leger as de trije like hege middelste skippen. De tsjerke hat in netribferwulft en de slútstiennen dêrfan binne fersierd mei reliëfs fan foarstellingen út it libben fan Jezus.
De tsjerke is 72 m lang en 39 m breed en is de grutste letgoatyske halletsjerke fan Saksen. By in stedsbrân fan 1691 gie de âlde ynrjochting ferlern. Dêrûnder wiene 36 alters, in 20 m hege sakramintstoer, de klokken, de beide oargels, de kostbere paraminten, it liturgyske reau en boeken. Allinne it stek fan smei-izer út 1617 fan 'e doopkapel bleau bewarre. Nei de brân krige de tsjerke in barokke ynrjochting. Dêrta hearre de preekstoel út 1693, it alter út 1695, de riedsbank en de trije protestantske bychtstuollen.
It ynterieur fan 'e tsjerke waard yn 1835 op 'e nij beskildere. De twa 84 m hege tuorren binne tusken 1889 en 1891 tafoege. Under it koer leit in krypt.
Mei it opblazen fan 'e Binnenstedsbrêge op 7 maaie 1945 troch de Dútske Wehrmacht waarden troch de drukweach as gefolch dêrfan op ien nij alle ramen fan 'e tsjerke ferneatige. Ek it maaswurk en it dak rekken slim skansearre.
Oargel
bewurkje seksjeDe tsjerke is yn it besit fan in nijsgjirrige oargelkas fan it saneamde Sinneoargel (Sonnenorgel). De oargelkas waard yn 'e jierren 1697-1703 makke troch Johann Conrad Buchau foar in ynstrumint fan 'e Dútske oargelbouwer Johann Eugen Caspar, dy't ûnder de namme Eugenio Casparini yn Itaalje wurke. De namme fan it bysûndere oargel hie te krijen mei de 16 sinnen op 'e oargelkas. Om de sinnen hinne binne as sinnestrielen hieltiten like lange oargelpipen oanbrocht. Fjouwert fan dy sinnen binne stom en tolve dêrfan klinke.
It histoaryske oargel bestiet al lang net mear. It waard yn 'e jierren 1827-1828 troch Joseph Schinke en Carl Friedrich Ferdinand Buckow ferboud en letter noch ris troch Friedrich Nikolaus Jahn yn 1845–1847. Yn 1894 waard troch Schlag & Söhne in nij oargel ynboud mei gebrûk fan in pear âlde registers. Dat oargel waard yn 1926 ferfongen troch nijbou fan Wilhelm Sauer út Frankfurt/Oder.
It hjoeddeiske oargel stamt fan 1990 en waard troch de Switserske oargelboufirma Mathis Orgelbau AG boud. It ynstrumint hat 88 klinkende registers (6219 pijpen) ferdield oer fjouwer manualen en pedaal.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Preekstoel
-
Alter
-
Bychtstoel.
-
Stek fan foar de reformaasje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar referinsjes sjoch de:Pfarrkirche St. Peter und Paul (Görlitz)
|