Petsjory (Russysk: Печоры; Estsk: Petseri) is ien fan de meast westlike stêden fan Ruslân en it bestjoerlike sintrum fan it rajon mei deselde namme. De stêd leit súdwestlik fan de Peipusmar, likernôch 30 kilometer fan Pskov, deun by de grins mei Estlân.

Petsjory

Печоры

De Barbaratsjerke (lofts) en de Tsjerke fan de Fjirtich Martlers fan Sebaste (rjochts)
De Barbaratsjerke (lofts) en de Tsjerke fan de Fjirtich Martlers fan Sebaste (rjochts)
Emblemen
Bestjoer
Lân Ruslân
oblast Pskov
Sifers
Ynwennertal 9.003 (2021)
Oerflak 20,55 km²
Befolkingsticht. 438,1 ynw. / km²
Hichte 85 m
Oar
Stifting 1472
Tiidsône EET (UTC+2
Koördinaten 57° 48' N 27° 36' E
Offisjele webside
Side fan de stêd

De stêd ûntstie as in delsetting yn 1472 by it Untsliepeniskleaster, dat troch de muonts Jona út grotten houd waard. De namme Petsjory ferwiist nei it wurd пещеры (pesjtsjeri), Russysk foar grotten. It kleaster foarme mei de 16e- iuwske muorren in ferdigeningsbolwurk tsjin ynkringers.

Nei de mislearre oanfal fan Sweden yn 1701 wist in súksesfolle kampanje fan Boris Sjeremetev de grins fan it Russyske Ryk fierder nei it westen te ferskowen, wêrtroch't Petsjory it strategyske belang ferlear.

Op de Dútske besetting fan Petsjory fan febrewaris oant desimber 1918 folge de Estske kriich foar de ûnôfhinklikens en de boargerkriich yn Ruslân. De stêd waard op 29 maart 1919 troch Estske troepen ynnommen, wylst de stêd Pskov troch it anty-bolsjewistyske Russyske Noardwestlike Leger ynnommen waard. Nei't yn augustus 1919 it Reade Leger de anty-bolsjewisten ferdreau, waard mei it Fredesferdrach fan Tartû de doedestiidske grins fêstlein en foel Petsjory ta oan Estlân.

De stêd waard yn 1939 troffen troch in grutte ramp. In brân ferneatige hûnderten benammen houten gebouwen en likernôch 1.500 minsken rekken dakleas.

Estlân waard yn 1940 anneksearre troch de Sovjet-Uny en de stêd waard ynearsten ûnderdiel fan de Estske Sosjalistyske Sovjetrepublyk. Fan 10 july oant 11 augustus 1941 besetten de Dútsers de stêd. Nei de befrijing waard de stêd by Ruslân foege en sûnt dy tiid is dat sa bleaun.

Petsjory is oarspronklik in Russyske stêd mei Russen as ynwenners. Yn 1914 foarmen de Esten noch in lytse minderheid, mar sûnt de stêd by Estlân hearde naam it tal Estske ynwenners bot ta. Neffens in folkstelling út 1922 bestie doe al 33,8% fan ynwenners út Esten; yn 1931 wie dat 51,3% (1934: 54,8%, 1937: 56,9). It oandiel Russen yn Petsjory sakke fan 63,2% (1922) nei 41,% (1934). Nei 1945 waard Petsjory wer in Russyske stêd.

Neffens de folkstelling fan 2002 wie de gearstalling neffens etnisiteit as folget:

  • Russen: 11.638 (89,14%)
  • Oekraïners: 338 (2,59%)
  • Wyt-Russen: 221 (1,69%)
  • Esten: 177 (1,36%)
  • oaren: 682 (5.22%)