Piet van der Hem
Piet van der Hem (Wurdum, 9 septimber 1885 - De Haach, 24 april 1961) wie in keunstskilder, tekener en boekbânûntwerper.
Biografy
bewurkje seksjeVan der Hem wie in soan fan de keapman Dirk van der Hem en Geertje Pieters Smids. Doe't er tolve wie waard er wees en waard er opnaam yn de húshâlding fan in omke en muoike yn Ljouwert. Nei fjouwer jier ryks-HBS yn dy stêd, besleat er, stimulearre troch syn tekenlearaar J. Bubberman, him ta te lizzen op de keunsten.
Hy folge in tekenoplieding oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam. Fan medio 1907 oant 1908 waard hy troch in keninklike subsydzje by steat steld in jier op Montmartre yn Parys te wenjen en te studearjen. Dêrnei gie er werom nei Amsterdam.
Om 1910 hinne debutearre hy mei ferrassende tafrielen út it mondêne en Bohemien-libben, nachtkroegen, bars en, kabarets mei skilderingen fan bollefjochtsjen, yllustratyf nei opfetting, smaakvol en modern yn de ljochte kleur, realistysk en faak fel sarkastysk; wie doe mei Jan Sluyters, Leo Gestel en George Hogerwaard ien fan de meast talintfolle keunstskilders. Van der Hem ûndergie de ynfloed fan Paryske keunstners, mar joech in persoanlike foarm, yn wêzen mear skildereftich. De beloften fan syn jeugd binne net goed útkomd mar hy waard in treflik portretskilder mei wurken fan minister Cort van der Linden (1913), keninginne Wilhelmina, prins Hendrik en Baron P.A.V. van Harinxma thoe Slooten.
Yn 1914 gie er meiwurkjen oan De Nieuwe Amsterdammer mei nochal politike tekeningen, dy't net sûnder homor wienen. Yn 1923 gie er oan it wurk as polityk tekener foar De Haagsche Post. Syn politike printen yn de Earste Wrâldoarloch ferrasse troch in brede, flotte en stylfolle tekenwize.
Foar it blêd Sprokkelingen fan de firma Lindeteves makke Van der Hem tsientallen tekeningen wylst hy ek foar oare bedriuwen reklamefolders en boekbannen ûntwurp.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|