Pieter Jonker
Pieter Jonker (De Haule, 21 jannewaris 1952) is in Frysk ûnderwizer en bestjoerder, en strider foar it Stellingwerfsk.
Pieter Jonker | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Pieter Jonker | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 21 jannewaris 1952 | |
berteplak | De Haule (Fryslân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
reg. identiteit | Nedersaksysk | |
wurk | ||
taal | Nedersaksysk (Stellingwerfsk) | |
sjenre | literêr |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeFan 1978 ôf wie Jonker mear as in fearnsiuw lang ferbûn wie oan 'e Stellingwarver Schrieversronte, it streektaalynstitút foar it Stellingwerfsk, dat fêstige is yn Aldeberkeap. Nei dêr jierrenlang haadmeiwurker west te hawwen, wied er fan 1996 oant 2007 direkteur. Ut dy funksje wei, mar ek los derfan, wie Jonker fierders (mei-)organisator fan ferskate eveneminten en produksjes foar it Stellingwerfske dialekt en de Stellingwerver kultuer.
Dêrnjonken wie Jonker mei-redakteur fan Onder Eigen Volk: Wark uut de Jaoren 1970-1976 van 23 Stellingwarver Schrievers, in boek dat útkaam yn 1978. Hy wie ek aktyf as oersetter nei it Stellingwerfsk. Foar syn oersetting Dikke Doezerd! en Ere Verhaelen, fan in berneboek fan Dolf Verroen, út 1985, wûn er yn 1986 de H.J. Bergveld-pries. Fierders publisearre Jonker ek û.m. Hou Vremd Ik Blief: Saul van Messel, Joods dichter in het Nedersaksisch (1985).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|