Pieter fan Harinxma thoe Slooten
Pieter fan Harixma thoe Slooten (doopt Ljouwert, 30 maart 1610 - 29 july 1669) wie de soan fan riedshear Ernst fan Harinxma en Tieth fan Botnia.
Hy liet him 18 maaie 1628 as studint Filosofy en Matematika ynskriuwe oan de Hegeskoalle fan Leien. Yn 1635 wie hy as folmacht op de Lândei yn de tiid fan de twisten út dy dagen, en waard mei Joris Camp nei Grins stjoerd om oan it regear fan dat gewest yn namme fan de Steaten fan Fryslân in foarstel te dwaan. Op 10 july 1641 trede hy op as riedshear oan it Hof fan Fryslân, in amt dat er oant syn dea dwaan bliuwe soe. Wie yn 1648 troud mei Susanna fan Burmania, dy't him sân bern skonk.
Harren troch ûnbekende keunstners skildere portretten binne yn de famyljegalerij.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|