Piets Althuis
Piets Althuis (Warkum, 1942) is in byldzjend keunstner út Warkum. Se folge earst in oplieding oan de kweekskoalle yn Snits en letter helle se de akte LU-Tekenjen. Op har fjirtichste gie se nei de Frije Akademy yn Nunspeet. Earst foar in skilderoplieding, mar dat waard letter byldhouwen. Se hat sa'n 40 jier by Swol wenne en kaam doe werom nei Warkum. Dêr hat se ek in eigen atelier.
Wurden út gedichten, ferhalen en ferskes binne faak it begjin fan har bylden. De bylden (fan brûns) krije dan ek faak in namme mei. Yn 2006 fierde Piets dat se 25 jier keunstner wie. Dêrby ferskynde it boek 'Vogelvrije gedachten in brons' en waard it byld 'Moeting op it plein' ûntwurpen. It bestiet út fiif minsken, - twa folwoeksenen en trije bern- op it Warkumer plein. It byld symbolisearret alle moetings dy't de keunstneresse alle jierren hân hat mei opdrachtjouwers en galerygasten.
Doel is altyd om de bylden licht lykje te litten. Alle bylden steane dan ek rjochtop en binne fan alle kanten te besjen. Har motto is dan ek: "Opgeande linen symbolisearje de frijheid". Hja hat in soad mei ljocht en de loft. As bern rûn se al altyd omheech te sjen. De widens fan de loft, de fûgels meitsje dat se har frij fielt as keunstner. Se fergeliket keunst ek wol mei leafde en freonskip.
Wurk fan Piets Althuis is oankocht troch de gemeenten Skarsterlân en Nijefurd. Har wurk wurdt ek as priis brûkt om wurdearring blike te litten oan minsken dy't dat fertsjinje, bygelyks troch de provinsjes Gelderlân en Drinte en de stêd Ljouwert. Eksposysjes fan har wurk binne hâlden yn Itaalje, Amsterdam, Utert, Kampen en Ljouwert en op de Amelanner keunstrûte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |