Plaidt is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak leit yn 'e Fulkaaneifel.

Plaidt
Willibrordtsjerke
Willibrordtsjerke
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mayen-Koblenz
ferbânsgemeente Pellenz
Sifers
Ynwennertal 5.841 (31.12.2022)[1]
Oerflak 9,39 km²
Befolkingsticht. 632 ynw./km²
Hichte 107 m.
Oar
Postkoade 56637
Koördinaten 50° 23' N 7° 23' E
Offisjele webside
Side Plaidt
Kaart
Plaidt (Rynlân-Palts)
Plaidt

Plaidt foarmet mei fjouwer oare Ortsgemeinden de ferbânsgemeente Pellenz fan 'e lânkring Mayen-Koblenz.

Plaidt hearde iuwenlang oant de ein fan 'e 18e iuw by it karfoarstedom Trier. Mei de Frânske besetting yn 1794 kaam der in ein oan it karfoarstedom en waard Plaidt by it kanton Andernach fan it Ryn-Mûzel-departemint yndield. Sûnt 1816 waard de regio ûnderdiel fan it Keninkryk Prusen en foel Plaidt ûnder de gemeente Mayen yn it bestjoersdistrikt Koblenz, dat sûnt 1822 oant de opheffing yn 1946 ûnderdiel foarme fan 'e Rynprovinsje.

Yn it sintrum stie op it plak fan 'e hjoeddeiske Hummerich-Halle oant 1861 de tsjerke fan Plaidt. Fanwegen brekfalligens waard dy âlde tsjerke ôfbrutsen en mei de ferkeap fan 'e dêrûnder lizzende tufstien waard yn 1860 bûten it âlde sintrum de Sint-Willibrordtsjerke oan 'e Mühlenstraße boud.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Rauscher Park.
  • De roomsk-katolike Willibrordtsjerke (1859-1860) is in trijeskippige, neogoatyske basilyk.
  • Vulkanpark Infozentrum (Rauschermühle 6): museum oer fulkanisme en sântûzen jier winning fan stien yn 'e regio.
  • It Rauscherpark is in park oan 'e beek de Nette, dy't hjir tige moai lâns ûnbidich grutte basaltblokken streamt.
  • Römerbergwerk Meurin: noardlik fan it oanbuorjende doarp Kretz leit krekt bûten Plaidt it grutste ûndergrûnske mynbougebiet foar dowestien noardlik fan 'e Alpen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: