Feanbeiblaujurkje
It feanbeiblaujurkje (Agriades optilete, syn. Plebeius optilete, Vacciniina optilete en Albulina optilete) is in flintersoarte yn it skaai fan de mansskyldblaujurkjes (Plebejus), dat ferneamd is nei de plant mansskyld of rotsjasmyn (Adrosace).
feanbeiblaujurkje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Agriades optilete | ||||||||||||
Knoch, 1781 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Foarkommen bewurkje seksje
De soarte komt yn Nederlân allinnich noch foar yn Drinte en súdeastlik Grinslân. It is in honkfêste soarte. Se libje op it heechfean en it leafst mei bosk der omhinne.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as slim bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.
Flinter bewurkje seksje
De wjuklingte is ûngefear 14 mm. By it mantsje is de boppekant fan de wjukken djip fioletblau. It wyfke is brún mei in ûndúdlike blauwe bestowing op de efterwjuk. Op de ûnderkant fan de efterwjuk is in opfallend oranje mei blau plak te sjen. Soksoarte plak komt allinnich foar by it feanbeiblaujurkje.
Fleantiid bewurkje seksje
De flinter is te sjen fan begjin july ôf oant healwei augustus, foaral tusken 25 juny en 5 july. It feanbeiblaujurkje fljocht altyd yn ien generaasje.
Rûp bewurkje seksje
De rûp groeit earst yn de simmer. Dan ite de rûpen blêden. De rûp oerwinteret ek tusken de blêden as in healwaaks rûp. Yn it foarjier gean de rûpen fierder mei iten mar dan ite se farske blomknoppen.
De rûp fret fan de feanbei, feanheide, glop en beikeheide.