Poelsicht
De state Poelzicht stie yn de tsjintwurdige hoeke fan de Rinia van Nautawei en de Dr. E. Wassenberghstrjitte yn Gytsjerk, gemeente Tytsjerksteradiel.
Skiednis
bewurkje seksjeIt hûs waard foar 1700 boud, oer it ûntstean is neat bekend. Yn 1700 is it lânhûs eigendom fan de erven Rhala. Yn 1708 wennet hjir dr. Petrus Johannes (fan) Poutsma Abbekaat foar it Hof fan Fryslân, kommys finânsjen fan de provinsje Fryslân en fan 1705 oant syn dea yn 1713 rintmaster fan it Sint Anthony Gasthûs yn Ljouwert. Hy wie troud mei Saepcke Meyerts fan Haersma, kommend út Eastermar. Petrus wie ek eigener fan Poutsmastate yn Eastdongeradiel, mar dy wie fierstente fier fan syn wurk yn Ljouwert om der ek te wenjen. Yn 1713 erft syn soan Johannes Petrus Poutsma, ritmaster, Poelsicht. Hy wie troud mei Ida Recalf. De mem fan dizze Ida wie Anna Cornelia Rhala, wêrtroch't Poelsicht dochs wer tydlik yn de famylje kaam. Dochs bleaune se yn Eastermar wenjen en waard Poelsicht ferhierd oan mr. Schulting, dy't "Raed-Ordinaris in het Hof van Friesland" wie.
Yn 1738 wurdt Dr. Franciscus Frisius troch 'neisten' eigener fan Poelsicht, dy't sûnt 1722 ek eigener wie fan it "buitengoed" Buitenrust, in hûs dat bewesten Poelsicht stie. "Neisten" of it "rjocht fan niaer" sa't it yn Fryslân neamd waard, wie it rjocht fan in famyljelid of oangrinzjende grûneigener om by ferkeap fan ûnreplik guod de ferkeap oan frjemden te kearen. Hy moast it hûs dan wol keapje foar de troch dy frjemde beane priis. Dêrfandinne de Fryske termen "earne it near op lizze" en "immen eat ûntnaderje". Dr. Franciscus Frisius wie Aldste Abbekaat foar it Hof fan Fryslân en Kommittearde op de Lândei. Yn 1744 is mr. Cornelis Franciscus Frisius, soan fan dr. Franciscus, de nije eigener. Hy wie ek oant syn dea yn 1772, "Advocaat in Den Hove van Frieslandt".
Om 1772 hinne waard C.F. fan Meijers eigener fan Poelsicht en fan Buitenrust. Hy wenne grif op Poelsicht, want yn 1780 bea hy Buitenrust te hier oan. Yn 1830 waard mr. Cornelis Franciscus Rinia van Nauta (1800-1872), kantonrjochter yn Burgum en abbekaat foar it Hof fan Fryslân, eigener fan Poelsicht en Buitenrust. Hy wie troud mei Willemina Hendrika barones van Heemstra (1803-1881) út Oentsjerk. Harren tolve bern waarden allegear yn Gytsjerk berne, de measten grif op Poelsicht.
Yn 1883, twa jier nei de dea fan harren mem, lieten de susters Rinia van Nauta it âlde hûs ôfbrekke. Ien fan de susters, Petronella Anthonia Johanna Rinia van Nauta, bliuwt noch oant 1899 eigener fan de grûn, mar dan beslút se dy te ferkeapjen oan Hendrikus Posthumus, kandidaat-notaris yn Aldtsjerk, dy't daliks in wenhûs yn "Het Buiten Poelzicht" oanbestege. It hûs moast op 30 april 1900 klear wêze en kaam wat tichter oan de dyk te stean as it âlde hûs. It hûs waard ‘modern’ boud, want by de ôfbraak yn novimber 1978 blykte dat dit hûs reedlik goed isolearre wie: nammentlik mei turf!
Yn 1920 waard Poelsicht (en de notarispraktyk) ferkocht oan Sytse Terpstra, notaris, kommend fan Burgum. It bûten hie doe in oerflakte fan 4.93.15 hektare. Op 24 maart 1947 folget W.J. Nijenhuis him op as notaris en eigener fan Poelsicht. It bûtengoed wie doe lykwols ‘krompen‘ ta 2.23.20 hektare.
Yn 1978 wurdt it nije Poelsicht ferkocht oan Jelle Bijlsma, eigener/direkteur fan it lykneamde leanbedriuw yn Gytsjerk. Opnij wurdt it hûs ôfbrutsen, om romte te meitsjen foar in tredde hûs Poelsicht: in hielendal nij 20e-iuwske filla. De tún waard opnij oanlein en de ta smelle sleatsjes wurden fivers wer útgroeven, no wat grutter as eartiids.
Inkele jierren letter waard it ferkocht oan Hans Wiegel, Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. Foardat it hûs as tsjinstwenning brûkt wurde koe, waard der op lêst fan de lanlike oerheid in ‘keninginnekeamer’ oan it hûs setten om de keninginne eventueel passend ûnderdak biede te kinnen.
Bewenners
bewurkje seksje- 1700 de erven Rhala
- 1708 - 1713 Dr. Petrus Johannes (fan) Poutsma
- 1713 - 1738 (?) Johannes Petrus Poutsma
- 1738 - 1744 Dr. Franciscus Frisius
- 1744 - 1772 mr. Cornelis Franciscus Frisius
- ± 1772 C.F. van Meijers
- 1830 - 1872 mr. Cornelis Franciscus Rinia van Nauta 1872 - 1881 Willemina Hendrika barones van Heemstra, widdo fan foargeande
- 1881 - 1883 de gesusters Rinia van Nauta
- - 1899 Petronella Anthonia Johanna Rinia van Nauta
- 1899 - 1920 Hendrikus Posthumus
- 1920 - 1947 Sytse Terpstra, notaris
- 1947 - 1978 W.J. Nijenhuis
- 1978 Jelle Bijlsma
- ± 1985 Hans Wiegel, Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |