Poutsmastate lei bewesten Wierum yn de gemeente Dongeradiel. Op it stateterrein stiet in pleats.

Poutsma yn 2010

Yn it doarp Wierum binne de midsiuwske goederen minder maklik nei te gean as yn oare doarpen. Nei alle gedachten wienen de dykslêsten hjir sa heech, dat gjin floreenbelesting betelle hoegde te wurden. Dêrtroch ûntbrekke floreenkohieren en is de keppeling oan it kadaster dreech te meitsjen. It wichtichste hûs yn Wierum wie Ytsmastate. Dêrneist wie Poutsma in belangryk goed.

Op Poutsma sil yn 1423 Jilt Poptsma Kotrahusim wenne hawwe, dus Jilt Poptsma te Koaterhuzen. In ferdiedigbere stins wurdt op Poutsma net neamd. Yn de 15e iuw wie dey der mooglik wol, want yn de oarkunde fan 1423 is sprake fan in fete, dêr't ek deaden by foelen (sjoch ek Elinga en Tyallema yn Hantumhuzen)

Powtsma sate, 69 pûnsmiet grut, waard yn 1511 troch de ealman Ritske Boelema oan Botte Powtsma ferpachte. Yn syn testamint omskreau hy it goed as in zaete lants leggende te Wierum in Dongerdeel westerzyde der Pasens, hetende to Poulsma, met alle zyn heerlicheyt ende gewalt. Fia de Maria Minnema en har man Tiete Baerdt, tsjerkefoud te Wierum en harren soan Sybrant Sjoerds Baerdt fererve it goed op Tammerus Gerardi, yn 1640 predikant te Drylts, troud mei erfdochter Eelckien Sybrandts Baerdt. Tammerus waard de stamfaar fan de famyljes Poutsma en Fan Poutsma. Maria Minnema, de húsfrou fan Tiete Baerdt, tsjerkefoud te Wierum, waard yn 1579 yn itselde grêf as Ritske Boelema begroeven. (Grêfskriften Ljouwert, 39-40. Sjoch foar Baerdt en Poutsma: Heerma van Voss en Osinga, "Baerdt", yn De Nederlandsche Leeuw 1930. Syn wapen ûntliende Tammerus Gerardi diels oan dat fan syn skoanheit Baerdt; sjoch ek yn it Wapenboek Hesman yn: Genealogysk Jierboekje 1993, side 55).

Nettsjinsteande dat sy soannen hienen fererve de state yn froulike line fia harren dochter Oedtie Tammeri Baerdt Poutsma. Se troude mei Johannes Nicolai dy't in heul skoft nei syn houlik mei Oedtie har famyljenamme oannom. Mooglik omdat se yn besit fan Poutsmastate kamen. Yn 1698 wie harren soan dr. Petrus Johannes Poutsma eigener. Petrus wie sûnt 13 juny 1672 abbekaat foar it Hof fan Fryslân, klerk, kommys finansjen en fan 1705 - 1713 rintmaster fan it Sint Anthony Gasthûs te Ljouwert. Hy wie troud mei Saapke Meyerts fan Haersma út Eastermar, berne op Haersmastate dêre.

Yn 1830 lei om it persiel bewesten de pleats in brede grêft. It is net bekend út hoeke tiid dy datearre.

Eigeners/bewenners

bewurkje seksje
  • 1423 Jilt Poptsma Kotrahusim
  • 1511 Ritske Boelema eigener, Botte Powtsma pachter
  • Maria Minnema en Tiete Baerdt
  • Sybrant Sjoerds Baerdt en syn frou Tiedcke Froma
  • 1640 Eelckien Sybrandts Baerdt en Tammerus Gerardi Poutsma. Harren dochter:
  • Oedtie Tammeri Baerdt Poutsma en Johannes Nicolai Poutsma
  • 1698 dr. Petrus Johannes Poutsma

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • P.N.Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Jan Leemburg - Genealogie van Gerrijt van Belcum
  • Hisgis