Tjallemastate lei ten noardeasten fan Hantumhuzen, gemeente Dongeradiel. Fan it hûs is neat werom te finen, it terrein is no greide.

De state is grif yn de 14e iuw ûntstien. Yn 1432 wurdt Thiallama huse foar it earst neamd. As Tyalma goedt komt it yn 1543 foar. Yn de iere 15e iuw wie it in aadlik hûs. Yn de 16e iuw wienen de Tjallema's boeren en harren hûs in gewoane pleats. Yn 1423 wurdt yn in skeel tusken Remka Thiallama as fertsjintwurdiger fan syn broer Doka en fan de erven fan Beyka Thiallama oan de iene en Jilt Poptsma út Koaterhuzen (sjoch Poutsmastate yn Wierum) oan de oare kant de lêstneamde yn it gelyk steld. Ek Thiallama huse wurdt dêrby neamd. Remka Tyallema toe Hontummahusen wurdt opnij yn 1434 neamd. Hy is dan boarch foar de Stêd-Grinzer edelman Ludolf Sickinghe. Egge van der IJlst (fan Harinxmstate yn Drylts), wyls wenjend yn Dokkum, hie Ludolf finzen nomd fanwege in foardering op de stêd Grins. Yn 1434 jout Egge de stêd in kwitânsje foar de betelling fan it betreffende bedrach. Om dat publike optreden fan Remka is it oan te nimmen dat Thiallamahuse in stins west hat.

16e iuw bewurkje seksje

Yn 1511 wie Tiallama nei alle gedachten in gewoane pleats, 50 pûnsmiet grut, eigendom fan trije persoanen, wêrûnder de brûker. Yn 1543 wie Tyalma goedt in rinte oan de pastorije ferskuldige, mar wyls wie dy rinte ferfrjemde. Yn 1580 wie Wilke Tiallama ien fan de tsjerkefouden; hy hie yn de roerige tiid fan de Opstân oaljefetten en sulveren tsjelken fan de tsjerke yn bewar nomd. Yn 1616 wie Dirck Jans Tialma tsjerkefoud. Yn 1698 wie Tjallema ek as pleats ferdwûn. It wie gearfoege mei in oanbuorjende Rintjema.

Eigeners/bewenners bewurkje seksje

  • 1423, 1434 Remka Thiallama
  • 1580 Wilke Tiallama
  • 1616 Dirck Jans

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: