Poldermûne K
Poldermûne K is in poldermûne oan 'e Blokkerweg by Zuidschermer. De mûne is ien fan 'e 11 mûnen fan 'e Skermer, dy't noch besteane. Oarspronklik wiene der 52 mûnen, dy't de 4.726 hektare grutte en 4 meter djippe Skermar drûch meallen.
Poldermûne K | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Alkmar | |
plak | Zuidschermer | |
adres | Blokkerweg 3 | |
koördinaten | 52° 34'N 4° 47'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 25 m | |
boujier | 1635 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Skermer Mûnen Stifting | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 7085 | |
Kaart | ||
Om de mûne te ûnderskieden fan it grutte tal mûnen yn 'e krite waard de mûne mei in letter oantsjut.
Skiednis
bewurkje seksjeMei de ynrjochting fan 'e drûchmealle Skermar waard de polder yn ôfdielingen ferdield. Eltse ôfdieling krige in eigen poldermûne, dy't gjin namme mar it nûmer fan 'e ôfdieling krige, en sa ek ôfdieling K. De mûne waard oer in skeane tocht mei de ûnderkolk ferbûn, mar om't it bliken die dat de bemealling oer in skeane tocht mei in soad oare mûnen yn 'e buert dochs wat ynwikkeld wie, ferhûze de mûne yn 1645 tsientallen meter fierderop nei it hjoeddeiske plak. Sa waard it foar de mûne makliker út te meallen en dêr bleau de mûne oant 1929 de 335 ha grutte ofdieling bemeallen op in sydtakke fan 'e Suderfeart, dy't diel útmakket fan 'e Skermerbinnenboezem.
Nei't de mûne bûten gebrûk steld waard, stie de mûne in hiel skoft mei ien roede. Flak nei't de mûne nije roeden krigen hie, sloech de mûne by needwaar op 3 jannewaris 1978 op 'e rin en briek de as, sadat it hiele wjukkekrús nei ûnder stoarte. De mûne krige op 4 febrewaris 1983 wer in boppe-as, dy't oarspronklik fan 'e op 27 maart 1966 ôfbaarde Undermûne 13 by Driehuizen wie. De roeden waarden reparearre en wer op 'e nij stutsen. De âlde boppe-as fan 'e mûne leit hjoed-de-dei by de Undermûne D, dat in museum is.
Eigner fan 'e mûne is de Skermer Mûnen Stifting.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe mûne is in reiddutsen, achtkante muonts mei in Ald-Hollânsk wjukkekrús. Lykas in soad Noard-Hollânske poldermûnen is de mûne in binnenkruier, dat wol sizze dat de kape fan binnen kruid wurde moat. It kruiwurk hat 56 houten rollen. De mûne hat in fêste skoarfang.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|