In pols (of polsstôk) is in lange stôk, mei oan 'e ûnderkant in blok of skiif, om mei te ljeppen. In pols wurdt fanâlds brûkt om sleatten mei oer te stekken, bygelyks by it aaisykjen.

Der Klootstockspringer. Byld fan B. Lothar Frieling

In pols kin makke wêze fan hout, aluminium of in keunststof, bygelyks karbon, dy't brûkt wurdt by it heechljeppen en fierljeppen.

De houten pols wurdt net safolle mear brûkt, mar se binne der noch wol. Meastentiids binne dizze stokken om de 4 meter hinne, rûn en sit der ûnderoan in klos yn de foarm fan in dwershout dy't foarkomt dat de stôk te djip yn de blabber sakket en brekke sil by gebrûk. De aluminium pols is lichter en duorsumer as de houtene.

De pols waard om it jier 1200 hinne yn grutte parten fan Europa brûkt by de jacht, om fan it iene nei it oare doarp te gean en as spear yn it gefjocht. [1] Yn 1592 beskriuwt de Spaanske histoarikus en ealman Bernardino de Mendoza it brûken fan de Springstock yn de Tachtichjierrige Oarloch troch de Friezen. [2]

De earste fermelding fan in fierljepwedstriid is neffens Theo Kuipers fan histoarysk sintrum Tresoar te finen yn de Ljouwerter Krante fan 15 augustus 1767. Sûnt 1957 wurde der yn Fryslân en Grinslân wedstriden hâlden en sûnt 1960 ek yn Súd-Hollân en Utert.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: