De Polynezyske rôt (wittenskiplike namme: Rattus exulans), ek wol de Pasifyske rôt neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae), de ûnderfamylje fan 'e mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae) en it skaai fan 'e echte rotten (Rattus), dat oarspronklik fan it fêstelân fan Súdeast-Aazje stammet. Hy hat him lykwols al relatyf ier ferspraat nei frijwol de hiele Yndyske Arsjipel, de Filipinen, Taiwan, Nij-Guineä, de Melanezyske eilannen (lykas de Salomonseilannen, de Nije Hebriden en Fidzjy), en it grutste part fan 'e Polynezyske eilannen, ynkl. Nij-Seelân, Hawaï en Peaske-eilân. Mei't de Polynezyske rôt net lange ôfstannen swimme kin, wurdt syn histoaryske fersprieding, dy't oan 'e hân fan bonkeresten en oar bewiismateriaal fêststeld wurde kin, sjoen as in treflike oanwizing foar iere minsklike migraasjes yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan.

Polynezyske rôt
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai echte rotten (Rattus)
soarte
Rattus exulans
Peale, 1848
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De Polynezyske rôt sjocht der rûchwei itselde út as oare rotten, mar hat gruttere, rûne earen en relatyf lytse poaten. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 11-13 sm, mei in sturtlingte fan 12-15 sm, en in swarte of dûnkerbrunige behierring, dy't nei de bealch ta ljochter útskaait. Op gruttere eilannen, lykas Nij-Seelân, hat er him ûntjûn ta in gruttere lichemsgrutte as it gemiddelde, wylst er him op lytse eilantsjes krekt ta in dwerchfoarm liket te ûntwikkeljen.

Biotoop en ynfloed op lânseigen floara en fauna

bewurkje seksje

Polynezyske rotten binne by steat om har oan te passen oan in grut ferskaat fan biotopen en habitats, fan iepen gerslân yn koelere klimaten oant ticht begroeid tropysk reinwâld. Se hawwe lykwols leard dat it leannet om deunby minsklike bewenning te bliuwen, mei't dêr altyd wol wat te heljen is. Troch dy assosjaasje mei de minske is de Polynezyske rôt nei de brune rôt en de swarte rôt de op twa nei meast wiid fersprate rottesoarte wurden. Dat hat der wer ta laat dat er yn in oansjenlik diel fan syn ferspriedingsgebiet as eksoat grutte skea tabrocht hat oan kwetsbere pleatslike ekosystemen op Pasifyske eilannen, dêr't de lânseigen diersoarten (benammentlik fûgels en ynsekten) evoluëarre wiene sûnder ea lêst te hawwen fan rôfsûchdieren. Sadwaande hiene dy bisten gjin ferwar tsjin 'e rotten doe't dy op sokke eilannen yntrodusearre waarden, en kin it útstjerren fan in grut tal bistesoarten dêrsanne wierskynlik op it konto fan 'e Polynezyske rôt skreaun wurde.

Fierders wurdt der ek wol tocht dat Polynezyske rotten foar in diel ferantwurdlik wiene foar de ûntbosking fan Peaske-eilân trochdat se de nuten fan 'e Peaske-eilânske palmbeam opfrieten, wat foarkaam dat nije beammen de âlde, troch de minske kappe eksimplaren ferfange koene. Yn Nij-Seelân, dêr't de Polynezyske rôt ek wol bekend stiet ûnder de Maoary-namme kiore, waard yn 'e 1990-er jierren fan bonkeresten fan it bist fêststeld dat se mear as 2000 âld wiene, wat de teoryen oangeande de fersprieding fan 'e Polynezyske rôt raar yn it hûndert jage. Letter ûndersyk hat dy befinings lykwols ûnderút helle, en no wurdt rûnom akseptearre dat de Polynezyske rôt Nij-Seelân om it jier 1280 hinne berikte, tagelyk mei de earste Maoary. Yn Nij-Seelân is it bist ûnderwilens op 'e measte lytse eilantsjes útrûge, mar twa, yn 'e Hen and Chickenseilannen, binne apart holden as in reservaat foar de Polynezysk rôt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.