Postkantoar fan De Jouwer

It Postkantoar fan De Jouwer is in ryksmonumint oan de Midstrjitte op De Jouwer.

Alde Postkantoar fan De Jouwer'
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak De Jouwer
adres Midstrjitte 24-26
bysûnderheden
boujier 1904
arsjitekt C.H. Peters
boustyl neogoatysk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 514075

It postkantoar waard yn 1904 boud yn neogoatyske styl, yn kombinaasje mei motiven fan de neorenêssânse (ek wol "postkantoarstyl" neamd) nei in ûntwerp fan arsjitekt Cornelis Hendrik Peters (1847-1931). Ryksboumaster Peters boude nei 1897 folle mear postkantoaren, ek foar Fryske doarpen en stêden (Harns) yn opdracht fan de haaddireksje fan de Posterijen. Hy tekene de postkantoaren neffens in systematyske en werkenbere styl. De postkantoaren fan nei 1897 binne wat ienfâldiger mar ha wol rynske detaillearring en bouûnderdielen. It postkantoar is rjochte op it noardeasten. Tsjin de eftergevel is yn 1977 oan de súdeastkant in lytse oanbou makke dy’t bûten de ryksbeskerming falt. De foarsjenning foar rolstoelbrûkers is fan lettere datum. It ynterieur is folslein ferboud doe’t der in útstjoerburo yn in gebou kaam. Boppe de ferlege souder sit noch wol it âlde trôchferwulf.

It gebou hat in rjochthoekige plattegrûn. Oan de efterside binne links en rjochts twa lytse fleugels oanboud. It gebou fan twa boulagen hat in hege souderferdjipping. It gearstalde dak is dekt mei swarte, smoarde Hollânske dakpannen, de dakken fan de dakkapellen oan de foarside binne dekt mei laaien. It postkantoar is boud fan brune bakstien. Foar de boarstwarring is natoerstien en donkerbrune bakstien brûkt. De foargevel hat gevelbannen, in kordonlist en sierankers. De foargevel bestiet út fjouwer traveëen. Yn de bûtensten sitte de yngongen nei it kantoar en nei it wendiel. Yn de linkersydgevel sit de sydyngong, de rjochtergevel sit fêst oan it gebou dêrnjonken. It wendiel op de ferdjipping is kwa yndieling hast oarspronklik. In rynsk fersierde houten doar jout tagong ta de betegele gong. Rjochts fan de gong binne de keamers en suite mei de skodoarren mei koperen slútwurk fan Gieljitterij Keverling fan de Jouwer. Orizjineel binne de souders mei geometrysk motyf oan de râne it rozet, de parketflierren en de skoarstienmantel fan swart moarmer. Links fan de gong, oan de strjitkant binne twa sliepkeamers en in koken. De souderferdjipping is hast hielendal yn orizjinele steat. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: