Preeti en Priya Young

Preeti en Priya Young (Epsom (Ingelân), 19 febrewaris 1989) binne in Britske twilling fan mingd etnysk komôf. Hja setten omtrint 2012 útein mei in karriêre as neakenmodellen en webcamgirls, en wurkje frijwol altyd tegearre.

Preeti en Priya Young
persoan yn de seksyndustry
Preeti (l.) en Priya (rj.) Young.
Preeti (l.) en Priya (rj.) Young.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Preeti Young en Priya Young
nasjonaliteit Britsk
berne 19 febrewaris 1989
berteplak Epsom (Ingelân)
etnisiteit Iersk
Yndiaask
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, webcamgirl
jierren aktyf ±2012 – no
offisjele webside
www.officialpreetiandpriya.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

De susters Preeti en Priya Young waarden yn 1989 berne yn it Ingelske Epsom. Hja binne in ienaaiïge twilling fan mingd etnysk komôf. Harren heit is in Ier, wylst harren mem fan Yndiaaske ôfstamming is. Omtrint 2012, doe't se 23 jier wiene, setten Preeti en Priya útein mei in karriêre as neakenmodellen, wêrby't se frijwol altyd tegearre wurkje en benammen foar harren eigen webside, OfficialPreetiAndPriya.com, posearje. Dêrnjonken binne se ek wol foar oare Britske websiden op it mêd fan neakenfotografy yn 't spier, lykas Born2Tease.net, BabeStation.com en NakedGlamour.com. Fierders hawwe de twillingsusters ek as webcamgirls wurke, û.m. foar TelephoneModels.com.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Preeti en Priya Young binne in ienaaiïge twilling fan mingd blank en Súdaziatysk ras, mei brune eagen en (fan natuere) swart hier. Neffens harren offisjele opjefte binne se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 58 kg, en kupmaat 32FF, dêr't se (allebeide) in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hawwe. Hja hawwe behalven piercings troch de earlellen ek elts in nâlpiercing. Tatoeaazjes, û.m. florals en teksten yn it Devanāgarī-skrift (dêr't û.m. it Hindy yn skreaun wurdt), hat Preeti op har lofterûnderearm en har ûnderrêch, en Priya op har rjochterûnderearm, ûnderrêch, rjochterskouder en lofterboppe-earm.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: