De Preußenschlag, of yn 't Frysk de Prusyske Steatsgreep, fan 1932 wie in machtsoername yn de Frijsteat Prusen troch rykskânselier Franz von Papen troch it brûken fan in needferoardering dy't útjûn waard troch rykspresidint Paul von Hindenburg op 20 july 1932 ûnder Artikel 48 fan de grûnwet fan de Weimarrepublyk. Dit betsjutte wynliken de ein fan de Weimarrepublyk en dêrmei makke it it paad frij (hoewol it de bedoeling der net fan wie) foar de machtsoername fan Adolf Hitler.

Needferoardering ferklearre troch rykspresidint Paul von Hindenburg op in oanplakkolom

De reden foar de steatsgreep dy't jûn waard, wie ûnrêst en rebûljes yn parten fan Prusen, dêr't de Prusyske oerheid fan beskuldige waard dat er de tastân net oankoe. De grutste oanstekker wie de rebûlje yn Altona tusken kommunisten en de SA op 17 july 1932 dêr't 18 minsken omkamen.
De koälysje fan minister-presidint Otto Braun fan sosjaaldemokraten, de sintrumpartij en de liberale Dútske Demokratyske Partij hat Prusen sûnt 1918, sûnder ûnderbrekken, regearre. Hja hawwe lykwols de mearderheid yn de Prusyske lândei (it parlemint fan de frijsteat Prusen) ferlern nei de ferkiezings fan 1932. Under de konstruktive moasje fan mistrouwen, in wet yn de Prusyske grûnwet dy't fersekere dat it regear genôch stipe hie, koe in kabinet dat net yn steat wie te regearjen ôfsetten wurde. De nazys en kommunisten hiene meiïnoar mear as de helte fan de sitten yn de lândei, mar hja woene net meiïnoar of mei oare partijen oparbeidzje. Dêrnei bleau in minderheid ûnder lieding fan Braun yn it kabinet sitten.

De steatsgreep

bewurkje seksje

Rykskânselier Von Papen hie lykwols gjin stipe yn de Ryksdei. De iennige manier wie troch in needferoardering fan Artikel 48 dy't útjûn wurde moast troch presidint Von Hindenburg. Von Papen hie in soad ynfloed op de âlde Von Hindenburg en koe him oerhelje de needferoardering út te jaan op 20 july 1932. De needferoardering joech it kabinet fan Braun dien en Von Papen waard as rykskommissaris fan Prusen oansteld en hy krige streekrjocht de macht oer de Prusyske oerheid.
De needferoardering wie op 25 oktober 1932 lykwols foar in part ûngrûnwettich ferklearre troch it Dútske Heechgerjochtshôf wat it bestean fan it Prusyske kabinet oanbelanget. Von Papen mocht as haad fan Prusen oanbliuwe, dochs it kabinet fan Braun mocht it rjocht hâlde en fertsjinwurdigje Prusen yn de Ryksried.
Prusen bleau ûnder it ryksbestjoer oant april 1933, doe't Hitler ûnder de Machtigingswet fan 1933, besluten nimme koe sûnder ynstimming fan de Ryksdei. Nei it ferbieden fan de kommunistyske en sosjaaldemokratyske partijen hiene de Nazys de mearderheid yn it Prusyske parlemint, dat doe foar Hermann Göring keas as minister-presidint. Under de macht fan Hitler waarden al gau de Dútske dielsteaten en harren macht beheind en waarden de dielsteaten ryksgoaen fan it Dútske Ryk.

Neibeskôging

bewurkje seksje

De bedoeling fan Franz von Papen mei de steatsgreep wie om in ienheidssteat te foarmjen, ynearsten net as stipe foar de nazys, mar om ta eintsjebeslút it weromkommen fan de monargy fan it Hûs Hohenzollern fan de eardere keizer Willem II. Nei de machtsoername wurke er lykwols gear mei Hitler, mar nei eigen sizzen om him 'yn 'e stringen te hâlden'. Mar Von Papen krige al rillegau noed foar Hitler en doarst net mear tsjin him yn te gean.
De Prusyske steat waard nei de Twadde Wrâldkriich troch de Alliëarden opheft.