Otto Braun
Otto Braun (Keningsbergen, 28 jannewaris 1872 – Locarno, 15 desimber 1955), wie in Dútsk sosjaaldemokratysk politikus.
Libben en wurk
bewurkje seksjeHy wie de soan fan in arbeider fan de spoarwegen. Nei't er de middelbere skoalle dien hie, wie er wurksum as arbeider. Yn 1882 sluet er him oan by de Dútske sosjaaldemokratyske partij SPD. Yn 1892 siet er twa moanne fêst yn 'e finzenis foar mislediging fan de majesteit. Dêrnei waard er redakteur fan de partijkrante Volkstribüne. Fan 1902 oant 1920 wie er gemeenteriedslid yn Keningsbergen en sûnt 1911 lid fan it partijbestjoer fan de SPD. Fan 1913 oant 1919 wie er lid fan de Prusyske Lândei. Hy kaam ek op fan de rjochten fan boerefeinten. Under de Earste Wrâldkriich stipe er it stânpunt fan de SPD fan de boargerfredepolityk. Nei de Novimberrevolúsje fan 1918 wie Otto Braun lid fan de Wurkers- en Soldateried fan Grut-Berlyn, lid fan de Nasjonale Gearkomste fan Weimar en minister fan lânbou yn it Prusyske regear. Fan 1920 oant 1932 wie er minister-presidint fan Prusen, útsein foar koarte skoften yn 1921 en 1925. Hy late in koälysje fan SPD, Sintrumpartij en DDP. Prusen waard in syn tiid in demokratysk bolwurk yn de Weimarrepublyk. Syn kabinet krige dien fan rykskânselier Franz von Papen yn de saneamde Preußenschlag nei falske bewizen dat Braun syn koälysje gjin kontrôle mear hie nei in rebûlje yn Altona, Hamburch en dat kommunisten mei de sosjaaldemokraten in geheime steatsgreep oan it tarieden wiene. Op 4 maaie 1933 flechte er foar de nazys nei Switserlân. Nei de Twadde Wrâldkriich kaam er foar in skoftke werom yn de polityk. Hy trúnde der by de Alliëarden op oan en lit de Prusyske demokrasy weromkomme, mar de Alliëarden woene Prusen leaver as steat opheffe. Hy ferstoar yn ballingskip yn Locarno yn Switserlân yn 1955.