Prins/DVC
It Dokkumer Prins/DVC wie in súksesfol frouljusteam follybal fan de DVC dat mei de yn 1995 ferstoarne Hans van Wijnen oan de ein fan de tachtiger/begjin noggentiger jierren is soad súkses hie.
Yn 1977 begjint Van Wijnen mei de krekt oan degradaasje ûntkommen jong team dat mei in oerwinning op Starlift út Voorburg in beslissingsduel yn Doetinchem. Der wurdt spile mei spylsters as Martsje de Vries, Caroline Keulen, Ingrid Piersma, Geke Pinkster, Josefien Wortelboer, Jantien Berg, Joke Reinalda en Joke de Boer. De winst wie it begjin fan in rige Nederlânsk Kampioenskippen.
Yn 1979 wint Prins/DVC de Fryske Sportpriis.
Yn 1982 feroverje de Dokkumer follybalsters neist de lânstitel ek Europa. Yn de finale yn it Italjaanske Ravenna, dat troch FBTO/DVC yn de kwartfinale útskeakele is, hellet de ploech fan Van Wijnen histoarysk sulver. Der wurdt wûn fan Levski Sofia en it Dútske Lohhof; allinnich Sverdlovsk is te sterk foar de Dokkumer ploech. Nei dat súksesfolle jier giet Van Wijnen nei Olympus yn Snits, dêr't hy mear mooglikheden sjocht. Sûnder him hellet Dokkum noch ien kear de dûbel, wêrnei't de hurde kearn fan it team ek nei Snits oergiet. Yn it seizoen ’83-’84 mingt DVC him yn de earedifyzje nochris yn de titelstriid, mar nei in ferlerne finale tsjin it Doetinchemske Ubbink Orion is it nei fiif jier dien mei de hegemony fan it Dokkumer follybal.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|